Boargemaster Buma: "Organisatie LOOP Leeuwarden heeft professioneel gehandeld"
De organisaasje fan LOOP Leeuwarden hat "professioneel en verstandig" hannele. Dat seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert.
By it hurdrin- en kuierevenemint waarden snein ferskate minsken net goed. De EHBO-posten hienen it der sa drok mei, dat dy oerbelêste rekken.
De organisaasje hie dit jier in rekôrtal dielnimmers fan 10.000. Oft dat der te folle west hawwe, fynt Buma dreech om te sizzen. It evenemint wurdt noch evaluearre. "Ik denk dat het goed is om alles nog na te lopen."
Dielnimmer ferstoarn
Ien fan de dielnimmers ferstoar snein by it evenemint. De deadsoarsaak is noch net bekend.
Buma: "Ik wil mijn medeleven betuigen aan de nabestaanden van het slachtoffer dat is overleden en aan degenen die op dat moment als slachtoffer zijn geholpen. Ook wil ik respect uitspreken voor EHBO'ers die veel voor hun kiezen hebben gekregen."
Mei de kennis fan no falt de organisaasje neat te ferwiten, seit Buma.
"De organisatie ging heel professioneel om met het contact met de hulpdiensten en de gemeente. Ze hebben al voordat duidelijk werd dat er iemand was overleden de 5 en 10 kilometer afgelast. Op zo'n moment moet je ook snel ingrijpen en niet twijfelen."
Neffens Buma hie de organisaasje yn it foar alle mooglike senario's trochrûn. Der binne mear as it minimale oantal EHBO'ers ynset. "Ze zaten daarmee aan de veilige kant."
Buma hopet dat soksoarte eveneminten wol bestean bliuwe kinne, al sille mei ekstremer waar ek faker needsenario's foarkomme. "Het zijn verbindende evenementen, dus we zullen ook moeten kijken hoe we die zo goed mogelijk kunnen organiseren."
Waarmte kin grut effekt ha
Ek sportkardiolooch Suzanna de Vries tinkt dat de organisaasje goed hannele hat. Se die sels mei oan de wedstriid en seach ûnderweis in protte fersoargingsposten en sproeiers om rinners koel te hâlden.
Dochs binne de minsken dy't net goed waarden har ek net ûntgien. "Na de fynys waren ok feul onwelworrings. Ik hew sels nag een holpen. Dan kinne je met name helpe deur te koelen en de foeten omhoog te doen foor de bloeddruk."
Mar as de organisaasje it net better dwaan kinnen hie, hoe soargje je der dan foar dat sa'n evenemint feilich bliuwt? Neffens De Vries hat dat bot te krijen mei de eigen ferantwurdlikens fan de rinners.
"'t Hoeft niet ekstreem hyt te wezen om last fan de wêrmte te hewwen. Maar ten opsichte fan ôflopen week is 't wêrmer worren. Dan kinne je dochs sien dat mînsen d'r last fan hewwe."
As de kearntemperatuer fan it liif te heech wurdt, kinne organen minder goed funksjonearje, seit De Vries. Yn it úterste gefal kin dat ta de dea liede.
Wat moatte je dan wol dwaan?
It meast wichtige om de race goed troch te kommen is neffens De Vries om goed nei it liif te lústerjen. "Ferleeg 't timpo at 't ôffâlt, ok al is 't je min naar 't sin."
Boppedat moatte je fansels genôch drinke, doch in petsje op, en doch net te folle of donkere klean oan. As it net goed giet, fielst dy bygelyks duzelich, meldt dy dan foaral by in fersoargingspost.
En - hiel wichtich - soargje datst fit oan de start stiest.