Omrop Fryslân

Fryslân set yn op groei: tûzenen wenten en mear banen oant 2050

De 'verstedelijkingspropositie'
© Omrop Fryslân
Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits wolle oant 2050 flink ynsette op groei, mei tûzenen nije wenningen, bettere foarsjennings en in sterke ekonomyske ûntwikkeling. De plannen moatte Fryslân oantrekliker meitsje foar jongerein, bedriuwen en talint fan bûtenôf.
Dat stiet yn de saneamde 'verstedelijkingspropositie' fan it Fries Stedelijk Netwerk, in gearwurkingsferbân fan de fjouwer gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân en de provinsje Fryslân.
"Sa breed ha we it noch net earder oanflein", seit deputearre Sijbe Knol oer de plannen.
Fryslân hat te krijen mei útdagings lykas fergrizing, in krimpende beropsbefolking en in tanimmende fraach nei soarch. De groeiplannen moatte dy ûntwikkelingen tsjingean.
Deputearre Sijbe Knol
© Omrop Fryslân
Sa wolle de fjouwer stêden dat it oanbod fan wenningen mei 25 oant 40 presint tanimt yn fergelyk mei 2024. Tagelyk steane yn it plan de sterkste Fryske sektoaren foarop: 'water(technologie), agrifood en innovatieve maakindustrie'.

Mear banen

Dizze groeistrategy moat banen opsmite en helpe om jongerein hjir te hâlden. "Wa wasket dy asen de kont ast it nedich hast", seit Knol. "Oer dat soarte saken ha we it."
Ferbiningen tusken de stêden, gebieten dêr omhinne en nei de rest fan Nederlân wurde fersterke. En grien en wetter moatte mear de romte krije yn stêden. Sa soe Fryslân better taret wêze op in duorsume en leefbere takomst.
Friesland mag geen witte vlek meer zijn.
Michel Rietman, wethâlder Súdwest Fryslân
De plannen lizze der no, om't Fryslân him delsette wol as in regio dy't meitinkt en meidocht oan de takomst fan Nederlân.
"Friesland mag geen witte vlek meer zijn", seit Michel Rietman, wethâlder fan de gemeente Súdwest Fryslân. Mei oare wurden: Fryslân lit sjen dat it klear is foar groei én meispilet yn de oplossingen foar lanlike opjeften.

Lanlik plan 'Nota Ruimte'

Meikoarten beslút de lanlike polityk hoe't ús lân der de kommende 25 jier út komt te sjen: wêr't huzen boud wurde, wêr't spoar en wegen komme, en wêr't romte bliuwt foar natuer en lânbou. Dy grutte ynventaris wurdt makke yn in lanlik plan, de Nota Ruimte. Fryslân wol dêr net bûten stean.
Michel Rietman, wethâlder Súdwest-Fryslân
© Omrop Fryslân
"Met een brede glimlach gaan we naar Den Haag met: vergeet Friesland niet", seit Rietman. Neffens de wethâlder is it Fryske netwurk in groepke 'rebellen'. Deputearre Knol neamt it in "ferfelend ploechje minsken dy't wat wolle".
It echte wurk begjint neffens harren no, om yn Den Haag serieus mei prate te kinnen oer jild, ynfrastruktuer en wenplakken.

Sûnder Lelyline

De preposysje jout ta dat de rappe spoarferbining Lelylijn in "lonkend perspectief" is. Dochs stiet ek letterlik yn it plan: "er is zowel mét als zonder Lelylijn ruimte in de steden voor de groei van woningbouw."
It ferskil sit benammen yn it tempo en de omfang. De plannen binne sa opsteld dat se sûnder Lelyline út te fieren binne, mar mei Lelyline wurdt in gruttere en fluggere groei mooglik achte.
Sûnder dizze spoarferbining wurdt mear ynset op besteande ynfrastruktuer, it bouwen fan mear hûzen yn de stêden en bettere ferbiningen binnen Fryslân sels.

Earder ferskil yn ynsjoch

De fjouwer grutte Fryske gemeenten, Ljouwert, Drachten (Smellingerlân), It Hearrenfean en Snits (Súdwest-Fryslân), leine in jier lyn net op ien line mei de provinsje. Sy makken plannen foar de bou fan 25.000 ekstra huzen boppe-op de 20.000 dy't de provinsje al tasein hie.
De gemeenten besletten om sels mei in plan nei it Ryk te stappen, sûnder oerlis mei de provinsje of oare Fryske gemeenten. "In konflikt wol ik it net neame, mar der is in grut ferskil fan ynsjoch", sei deputearre Knol eartiids oer dizze situaasje.
Dit ferskil yn oanpak hat de ôfrûne moannen plak makke foar ferbining. De partijen binne ûnderwilens mei-inoar oan tafel gien en hawwe no in mienskiplike 'verstedelijkinspropositie' opsteld.
Provinsje Fryslân wol derfoar soargje dat omlizzende doarpen profitearje fan ferbetterings yn wenningbou, wurkgelegenheid en foarsjennings.
Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier fan Smellingerlân is mei en sûnder de komst fan de Lelylijn wiis mei it plan. "De inhoud bindt, niet de vorm of de rol."
Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier
© Gemeente Smellingerlân
Neffens him hawwe de fiif partijen mekoar fûn op de ynhâld.

Prate mei it Ryk

De provinsje Fryslân en de belutsen gemeenten hoopje dat der yn juny, yn it Bestuurlijk Overleg Leefomgeving, konkrete ôfspraken makke wurde kinne mei it Ryk oer de fierdere útwurking fan de plannen.
It is in wichtich momint om it Fryske oanbod te bepraten en mooglik te ferankerjen yn lanlike beliedslinen, lykas de oankommende Nota Ruimte.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.