'Fjouwer gemeenten passearje provinsje mei eigen plan foar 25.000 ekstra hûzen yn Fryslân'

Boufakkers oan it wurk
Boufakkers oan it wurk © ANP
De fjouwer grutste gemeenten fan Fryslân ha in eigen foarstel stjoerd nei it Ryk om 25.000 ekstra hûzen te bouwen, boppe-op de 20.000 dy't de provinsje al tasein hat.
Dat seit deputearre Sijbe Knol dy't oer hûzebou giet. Hy is min te sprekken oer it inisjatyf. De wethâlders Jelle Zoetendal (Hearrenfean), Michel Rietman (Súdwest-Fryslân), Robin Hartogh Heys van de Lier (Smellingerlân) en Hein de Haan (Ljouwert) oerlangje it plan tongersdeitemiddei yn Den Haag oan minister Hugo de Jonge.
"In konflikt wol ik it net neame, mar der is in grut ferskil fan ynsjoch", seit Knol fanút Brussel oer de ûntstiene situaasje.
De gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân soene yn de grutste plakken ekstra hûzen bouwe wolle. It provinsjaal bestjoer hat se skriftlik witte litten dat de provinsje dit plan net stipet.
deputearre steaten
Deputearre Sijbe Knol © Provinsje Fryslân
In wike lyn seine wethâlders fan Hearrenfean en Ljouwert al dat it ambysjenivo fan de provinsje omheech moat, as it giet oer it bouwen fan hûzen.
"Als we kijken naar de demografische trends, dan hebben we veel meer huizen nodig", sei wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert by Omrop Fryslân op de radio.
"Der binne in soad minsken dy't ferlet ha fan in wenning. En der wenje hieltyd minder minsken yn ien wenning", sei wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean.

It lykwicht yn Fryslân

Deputearre Knol seit no dat it hielendal net oantoand is dat dy 25.000 ekstra huzen yn de fjouwer grutste gemeenten ek nedich binne.
It is neffens him ek net goed foar 'it lykwicht yn Fryslân' om safolle te bouwen yn de fjouwer grutste plakken. Buorgemeenten en lytse doarpen hawwe dêr lêst fan, seit er.
Nije wenningen yn oanbou
Nije wenningen yn oanbou © ANP
Knol fynt it ek net tûk fan de fjouwer grutste gemeenten om in eigen foarstel te stjoeren nei minister Hugo de Jonge, sûnder oerlis mei de provinsje of de oare Fryske gemeenten.
"It ministearje fan Ynlânske Saken hat al kontakt mei ús socht en ús witte litten dat se saken dogge mei de provinsje en net mei ôfsûnderlike gemeenten."

Reewillich

Knol seit dat er him op himsels wol foarstelle kin dat der yn guon grutte plakken nei ferrin fan tiid ferlet is fan mear wenten. De gemeenten kinne dat ek oanjaan op in jierliks oerlis mei de provinsje oer wentebou.
"Wy binne best reewillich om nei saken te sjen, mar altyd yn ferhâlding mei de rest fan Fryslân. Wy hawwe noch 14 gemeenten. Wy binne der foar hiel Fryslân. Wy wolle dat minsken wenje kinne wêr't se wenje wolle, ek as dat yn ien fan de 400 doarpen is."

Gjin hantekening

De deputearre is fan betinken dat it eigen foarstel fan de fjouwer gemeenten 'de gearwurking yn Fryslân net fierder helpt' en wol gau mei de belutsen gemeenten yn petear.
Knol wiist de belutsen gemeenten der ek op dat de provinsje Fryslân dwaande is mei in eigen wenplan en ek mei in nije Provinsjale Omjouwingsfyzje. It eigen foarstel fan de fjouwer grutste gemeenten fytst dêr neffens him dwers trochhinne.
"De hantekening fan de provinsje stiet net ûnder it foarstel fan de fjouwer gemeenten. Dat hawwe we ek al oan it ministearje fan Ynlânske Saken witte litten."