Omrop Fryslân

Boalserters ferlieze de paus dy't 'harren Titus' hillich ferklearre: "In minsklike paus"

Paus Franciscus op de dei fan de hillichferklearring fan Titus Brandsma
© ANP | Omrop Fryslân
Boalsert skrikt fan it ferstjerren fan Franciscus, de paus dy't trije jier lyn de Fryske pryster Titus Brandsma hillich ferklearre. Paus Franciscus hat dêrmei in soad foar de stêd betsjutten.
Mei it ferstjerren is de katolike wrâld in "hiel minsklike paus" kwyt. Dat fynt Siebe de Ree, earder foarsitter fan it Titus Brandsma Museum yn Boalsert.
It eardere museum krige yn 2020 plak yn Museum De Tiid en de stichting efter it museum kaam ûnder de wjukken fan de Stichting Archief- en Documentatiecentrum voor RK Friesland. De Ree is noch altyd aktyf yn de Brandsma-wurkgroep.

Urbi et orbi

De Ree seach snein noch nei it urbi et orbi, de peaskeseine fan de paus.
It Sint-Piterplein yn Fatikaanstêd stie fol mei minsken. De 88-jierrige paus begroete it publyk, mar de seine waard troch in oar foarlêzen.
De paus op earste peaskedei, in dei foar syn ferstjerren
© ANP
It soe syn lêste publike optreden wurde. Franciscus eage al skoften kwetsber en hie te lijen fan in dûbele longûntstekking.
Wy seine juster wol: dit is de lêste kear dat er dit docht. Mar sa flot hie ik it net ferwachte.
Siebe de Ree
"Wy seine juster wol: dit is de lêste kear dat er dit docht", seit De Ree. "Mar sa flot hie ik it net ferwachte."
De Ree fynt dat Franciscus in hiel minsklike paus west hat. "Net sa yntellektueel, mear ien fan de minsken."
"Yn syn taspraak, dy't er troch in oar útfiere liet, rekke er dochs alle seare punten yn de wrâld. Ik fyn it hiel goed dat sa'n ynternasjonaal lieder dat dan dochs seit."
"Hy stiet eins boppe alle lannen. De Feriene Steaten, Israel, Ruslân en Oekraïne. It is moai dat hy soks fertelle kin en dat it de oandacht krijt."
Paus Franciscus, berne as Jorge Mario Bergoglio, yn 2013
© ANP
Paus Franciscus hie each foar de kwetsbere en earme minsken, seach De Ree.
"Hy stie der net sa boppe as de eardere paus. Ik mocht wol oer him. Hy wie ek Argentynsk, dus in Súd-Amerikaanske paus. Dat is ek ris wat oars, want der wiene faak Europeeske pausen."

Paus ferklearre Titus hillich

De Ree bewarret bysûndere oantinkens oan paus Franciscus mei it momint dat hy Titus Brandsma hillich ferklearre, op 15 maaie 2022.
Friezen op it Sint-Piterplein mei de hillichferklearring
© ANP
"Dat hat in hiel proses west, dêr't hy de lêste hân yn hie", fertelt de Boalserter.
It momint kin De Ree him noch goed yn 't sin bringe.
"Sible Huitema wie as ôffurdige nei Rome en wy hawwe hjir yn Boalsert foar de telefyzje sitten. We hawwe alles besjoen. Dat wie in bysûnder momint, soks bart beslist net alle dagen."
Yn de kanon fan de hilligen fan de roomsk-katolike tsjerke stean tûzenen nammen, mar Nederlân krige der yn de lêste hûndert jier mar fiif hilligen by.
De paus mei it hillich ferklearjen fan Brandsma
© ANP
De yn Oegekleaster berne Titus Brandsma waard yn 1985 al sillich ferklearre troch paus Johannes Paulus II.
Yn 2021 waard in wûnder oan him takend, wêrnei't hy in jier letter hillich ferklearre wurde koe.
Dat momint hat foar Boalsert hiel moai west, seit De Ree.

Boalsert kaam 'in the picture'

"Dêrtroch kaam Boalsert aardich in the picture. It wie spitich dat wy eins al út it museum wei wiene en dat it yn De Tiid barde, dêr't it Titus Brandsma Museum ûnderdiel fan waard. Mar it hat dochs hiel moai west."
Titus Brandsma (1881-1942)
© Omrop Fryslân
Yn sekere sin wurket dat momint noch hieltyd troch. "Takom moanne folgje der in oantal wichtige datums."

Titus Brandsma-aktiviteiten yn maaie

"Op 12 maaie wurdt der wer in krâns lein by it monumint oan de Titus Brandsmaleane, dat is oernaam troch it Marne College. Dêr binne wy dan as earder museumbestjoer en Titus Brandsma-wurkgroep fan De Tiid by om in taspraak te hâlden."
Op 15 maaie, de dei fan de hillichferklearring, is der in spesjale kuiertocht: 'Wandelen in Bolsward in het spoor van Titus Brandsma'.
Omtinken foar Titus Brandsma yn Museum De Tiid
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
In dei letter is de Amerikaanske karmelyt Michael Driscoll op besite. Driscoll hie jierren lyn te lijen fan in agressive foarm fan kanker.
It bisdom fan Driscoll begûn in gebedsaksje, rjochte op Titus Brandsma. De kanker ferdwûn en Driscoll waard genêzen ferklearre.
Dat waard as wûnder taskreaun oan Brandsma, wêrtroch't de Fryske pryster hillich ferklearre wurde koe.
"Pater Driscoll komt hjir nei de stêd ta, dat is wol hiel moai", fynt De Ree.
De keamer oer Titus Brandsma yn De Tiid
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn Museum De Tiid is hjoed-de-dei in keamer te sjen dêr't it ferhaal fan Titus Brandsma ferteld wurdt. "Dat is noch wat sober allegearre, mar dêr wurkje wy oan", seit De Ree.
Paus Franciscus mei dan net mear ûnder ús wêze, mei de hillichferklearring fan de Fryske pater hat er Boalsert en katolyk Fryslân in weardefolle erfenis neilitten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.