Man (29) út De Fryske Marren oanholden nei stekynsidint De Lemmer, Lemster (42) ferwûne
Op De Lemmer hat oan it begjin fan de nacht in stekynsidint west op de Emmakade. Dêr is in 42-jierrige Lemster by ferwûne rekke. Dat meldt de plysje.
De man is foar behanneling nei it sikehûs ta brocht. De plysje hat yn de omjouwing ien fertochte oanhâlde kinnen. Dat giet om in 29-jierrige man út De Fryske Marren.
De plysje ûndersiket de tadracht fan it ynsidint.