Fjirtich Fryske boeren besparje aansten "22.000 retourtjes Barcelona" oan CO2
Fjirtich Fryske boeren yn de feangreide sykje it aventoer op en buorkje fjouwer jier lang mei in folle heger wetterpeil as gebrûklik yn de melkfeehâlderij.
Dat betsjut minder opbringst en foar guon ek dat sy minder kij hâlde kinne. It giet om in proef yn fiif gebieten.
Dat binne Aldeboarn-De Deelen, de Hegewarren, Akkrumer Goedland, Idzegea en it Grouster Leechlân. It peil yn de sleatten kin dêr fjirtich, tritich of sels tweintich sintimeter ûnder de oerflakte stean.
En dat bliuwt sa fan 1 april oant en mei 1 oktober. Dêrmei is it ien fan de meast fiergeande feangreide eksperiminten oant no ta.
Nei- en foardielen
De neidielen binne dúdlik, sa seit boer Jan de Boer dy't syn kollega's fertsjinwurdiget yn Aldeboarn-De Deelen: "It jout wiet lân, it gers giet achterút en it seizoen dat de kij weidzje kin ek hiel bot koarter wurde."
Dat ropt de fraach op wêrom't der dan dochs fjirtich boeren fyftjinhûndert bunder lân ynbringe foar dit eksperimint?
Alderearst wurde de boeren foar dy neidielen kompensearre. Ek is der in regeling foar elkenien dy't (tydlik) mei minder kij buorket.
Mar der binne ek foardielen, want boeren kinne op dizze wize foarsortearje op in takomst mei hegere peilen yn de feangreide.
Twa problemen
It makket diel út fan in bredere oanpak fan de provinsje en it wetterskip foar it 80.000 bunder grutte feangreidegebiet dat mei twa problemen sit: it ynklinken fan de grûn en de CO2 dy't dêr by frij komt.
"As it grûnwetterpeil omheech giet yn it fean dan komt dat fean ûnder wetter te stean. En dan ferbrânt it fean net mear. Fean oksidearret as der soerstof by komt en sakket dan yn elkoar", seit feangreidesaakkundige Niek Bosma fan Wetterskip Fryslân.
"Dan krigest 'meanfjilddelgong' en dêr giet CO2 de loft yn." Dat CO2 gas soarget der mei foar dat ús klimaat feroaret.
It ynklinken fan de grûn makket it ek hieltyd djoerder foar it wetterskip om sa'n feangreidepolder drûch te hâlden.
"22.000 retoerkes Barcelona"
En as je dat wol dogge, sûcht it wetter fuort út de omjouwing dêr't bygelyks natuergebieten wêr lêst fan krije.
Mei de proef wurdt ek al wat CO2-útsjit besparre, seit Bosma: "Dat binne 22.000 retoerkes Barcelona mei de auto."
Fjirtich Fryske boeren eksperimintearje mei wol hiel hege wetterpeilen
Dochs is it ek net sa dat de dielnimmende boeren allegearre fol yn dit eksperimint stappe, wit Jan de Boer. "De boeren dy't meidogge oan dizze regeling dogge dat net mei de hiele pleats. Yn 'e regel dogge sy mei in part fan harren lân mei."
Ek foar it wetterskip is de proef bêst yngewikkeld. As der is in kear in soad rein falt, steane de sleatten folle foller as gewoanwei en dêrmei is de rek ek wol wat út it systeem.
Risiko's foar it wetterskip
Bosma: "Dêr kinst goed oan rekkenje en dat hawwe wy wol yn 'e fingers. Mar dat binne ek risiko's foar it wetterskip." Ien fan dy risiko's is ek de sterkte fan de polderdiken.
Mar as je mar fier genôch weromgeane yn de tiid, kinne je sjen dat it wolris folle mâler gong mei it wetter yn it feangreidegebiet. Wat dat oanbelanget, komt der wat bysûnders op de keukentafel te lizzen op de pleats fan Jan de Boer op Goaiïngahuzen wannear't wy it oer dy tiden ha.
It is in boek mei foto's út de Twadde Wrâldoarloch. Makke troch in ûnderdûker mei in kamera dy't er krekt foar it útbrekken fan de oarloch wûn hie, sa fertelt De Boer.
Grutte, wiete wrâld
It lit in lânskip sjen dat fan de hjerst oant de betide maitiid dominearre wurdt troch wetter. Hast alles stiet splis.
Der stekke noch wat dykjes en pleatsen boppe-út. Mei sa no en dan wat minsken yn in grutte, wiete wrâld. Wat dat oanbelanget hellet de takomst it ferline betiden ek wolris wat yn.