Omrop Fryslân

Soad gas út Fryske grûn helle: "Wy binne hjir gjin wingewest"

Gaswinning fan Vermilion yn Aldlemmer oan de Oude Maden
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Fan al it ierdgas dat yn Nederlân út 'e grûn helle wurdt, komt ûngefear in tredde part út Fryske boaiem. Kin dat samar, of moatte we benaud wêze foar Grinslânske tastannen? En wat ha ynwenners fan Fryslân eins oan al dy euro's dy't dermei fertsjinne wurde?
No't de gaskraan yn Grinslân tichtdraaid is, sjocht it Ryk hieltyd faker nei de mooglikheid om lytse gasfjilden te brûken.
De provinsje yn ús lân dêr't it measte gas út 'e grûn helle wurdt, is Fryslân. Sa'n tritich prosint fan wat der totaal yn Nederlân út 'e boaiem helle wurdt, komt út Fryslân.
De ôfrûne jierren ha we yn Grinslân sjoen dat dat behoarlike problemen opsmite kin.

Boaiemdelgong

Gaswinning kin soargje foar fersakking fan de boaiem. De grutste boaiemdelgong troch ierdgaswinning hat him foardien om Loppersum (Grinslân) hinne.
Wurdfierder Sape Jan Terpstra fan gasbedriuw Vermilion leit út hoe't it prinsipe fan boaiemdelgong wurket
It gie yn it gefal fan Loppersum om in delgong fan 30 sintimeter.

Hûnderten ierdbevings

Boaiemdelgong kin foar ferskate problemen soargje. Ien fan de risiko's dy't boaiemdelgong mei him meibringt, is ierdbevings. Dy soargen foar in soad skea yn Grinslân.
De earste wie yn 1986 yn Assen. Sûnt dy tiid binne der troch it KNMI yn it gebiet hûnderten ierdbevings fêststeld. Fyftjin kear hie sa'n beving in krêft fan 3.0 of mear op de Skaal fan Richter.
Ierdbevings yn Fryslân
© Omrop Fryslân
Yn Fryslân hawwe der sûnt 1999 acht ierdbevings west.

Wetterhûshâlding

Hoewol't de boaiem dus sakje kin, bliuwt grûn- en oerflaktewetter op deselde hichte troch maatregels fan wetterskippen. It wetter komt dus heger te stean yn fergelyk mei de (fersakke) boaiem.
Om dit foar te kommen, wurdt it wetterpeil faak nei ûnderen brocht. It Wetterskip Fryslân hat oankundige dêr net mear oan meiwurkje te wollen.

Wetterskip bliuwt by stânpunt

It deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân hat justerjûn unanym stipe krigen fan it algemien bestjoer om him noch fûler yn te setten tsjin nije gaswinning.
Remco van Maurik fan Wetterskip Fryslân
© Wetterskip Fryslân
"We hebben juist met zijn allen bepaald dat dat peil omhoog moet", seit Remco van Maurik, lid fan it deistich bestjoer fan it Wetterskip dêroer.

Feangreide

"Belangrijk is dat die bodem niet verder moet dalen. We willen veenweide echt behouden, dat is goed voor Friesland."
Mei dêrom wurket it Wetterskip net mear mei oan it ferleegjen fan it grûnwetterpeil as dat helpe kin by it winnen fan gas.

'Lestich fergelyk'

Geolooch Suzanne Hangx fan de Universeit Utrecht seit dat de situaasje yn Fryslân lestich te fergelykjen is mei Grinslân.
"De gasvelden liggen minder diep en de lokale samenstelling van het gesteente kan anders zijn. Dit beïnvloedt allemaal hoe het gesteente zal reageren op de gaswinning."
Boppedat binne de gasfjilden yn Fryslân folle lytser as it gigantyske Grinzer fjild.
Net allinnich It Wetterskip hat him útsprutsen tsjin gaswinning yn Fryslân. Ek de belutsen gemeenten en de provinsje sjogge it net sitten.

Wingewest

"Wy sizze: boar hjir net, punt", is ferantwurdlik deputearre Friso Douwstra dúdlik. Mar de provinsje giet der net oer. It ministearje fan Klimaat en Groene Groei nimt de beslissings.
Gaslokaasje yn 'e greide by Toppenhuzen
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Douwstra: "As der dan dochs nei gas boarre wurdt, wolle wy der wol wat foar werom ha. Wy binne hjir gjin wingewest."

70 sint de euro nei Den Haag

"Dat is in logyske fraach út de regio wei", seit wurdfierder Sape Jan Terpstra fan gasbedriuw Vermilion. "En oer dy fraach moatte wy, mei De Haag en de regio, yn petear."
"Eltse euro dy't hjir by wize fan sprekken boppe de grûn komt, dêrfan giet 70 sint nei Den Haag. As dêr in part fan nei de regio komt, tink ik dat dat in goed idee is."
"It komt hjir út de boaiem, dan mei der ek wol wat weromkomme. Dêr kin gjinien tsjin wêze. Wy net yn elts gefal."
Minister Sophie Hermans fan Klimaat en Groene Groei
© ANP
Minister Hermans is dwaande mei in nije Mynbouwet wêryn't kompensaasje foar de regio regele wurde moat. Dat kin noch wol oant 2027 duorje.

Takomst

De kommende jierren slút Vermilion net út dat der yn Súdwest-Fryslân noch ien of twa projekten by komme. Dêr moat it bedriuw noch wol ferskate geologyske stúdzjes foar dwaan.
Gaswinning fan Vermilion yn Raerd oan de Hegedyk
© Omrop Fryslân
Dêr wol Terpstra noch wol wat oer kwyt. "Yn de praktyk is der yn ús brâns wol wat misgien, benammen yn Grins."

Fertrouwen werom winne

"Minsken dy't yn Wâldsein of Toppenhuzen of by in oar gasfjild wenje, ha dat yn de achterholle. Dy minsken tinke, yn gefal fan skea, binne se der dan foar my of wurd ik yn de steek litten?"
Neffens Terpstra hat it allegear te krijen mei fertrouwen. "Wy moatte dat petear fiere mei minsken. Dat is in dreech petear, want dat fertrouwen ha wy ferlern."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.