Minder reistiid foar Twellingeasters mei tank oan trochstek nei A7
Ynwenners fan de súdkant fan Twellinggea hoege meikoarten minder fier om te riden om op de A7 nei Snits te kommen.
Rykswettersteat is no dochs ree om it stek by it tankstasjon Bloksloot iepen te setten, sadat ferkear fan de Aldwei nei it tankstasjon ride kin en dêrnei de A7 op.
Yn novimber ferline jier waard de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Twellingea ôfsletten foar alle auto- en lânbouferkear. Neffens Rykswettersteat wie de brêge ûnfeilich.
Dêrnei waard in ûndersyk ynsteld. Yn febrewaris waard dúdlik dat de brêge net mear makke wurde kin. It plan is no om dêr in tydlike fêste brêge te bouwen, mar dat duorret noch moannen.
Oanpassing dyk
"Omdat het allemaal langer duurt dan gehoopt zijn we anders naar de opening van het hek bij het pompstation gaan kijken", seit distriktshaad Agnes Bernhardt fan Rykswettersteat.
"Wij vonden opening van het hek onwenselijk, vanwege de veiligheid. Daar hebben we opnieuw naar gekeken. Wij denken nu toch dat het mogelijk is."
Der komme nije strepen op de dyk, der wurde ferkearsbuorden pleatst en op in oantal plakken wurdt de ferhurding ferbettere. Der jildt aanst ienrjochtingsferkear fan de parallelwei Aldewei nei it tankstasjon.
Ferkear fan de A7 ôf mei de trochstek net brûke. "Dan krijg je kruisend verkeer en wordt het alsnog onveilig", sa tinkt Bernhardt. Tsjinhâlde is lykwols net sa maklik. "We doen een beroep op de verantwoordelijkheid van mensen."
Duorret noch in skoft
Foar autoferkear fan De Jouwer smyt de trochstek lykwols net safolle op: "Dan kun je voor hetzelfde geld gebruik maken van de Aldewei."
Wannear't it stek tusken de Aldewei en it tankstasjon echt iepen giet is noch net dúdlik. Dêrfoar moatte earst de oanpassingen dien wurde troch de gemeente. "Ik denk eerder dat het nog weken duurt dan dagen", seit Bernhardt.