Omrop Fryslân

Provinsjale Steaten wolle lânbouferkear troch Prinses Margriettunnel

De Prinses Margriettunnel
© Shutterstock.com (Steve Photography)
Provinsjale Steaten wolle dat in part fan de Prinses Margriettunnel yn de A7 brûkt wurdt foar lokaal ferkear, wêrûnder lânbouweinen.
Sûnt novimber meie oer de njonkenlizzende brêge by Twellingea oer it Prinses Margrietkanaal allinnich noch mar fytsers en fuotgongers. Dat is om't de brêge yn minne steat is.
Yn in moasje ropt de BBB it provinsjebestjoer op om foar it brûken fan de tunnel te pleitsjen by Rykswettersteat en it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.
Dizze moasje krijt stipe fan de FNP en de PvdA en dêrmei is der in mearderheid.
Neffens de BBB moatte omwenners en omlizzende bedriuwen no 38 kilometer omride fia de brêgen by Spannenburch of Aldskou. Ek dy brêgen moatte eins ferfongen wurde.

Fryslân yn twaen

"Het Prinses Margrietkanaal snijdt Fryslân in tweeën, de kans is groot dat er de komende jaren meerdere bruggen tegelijkertijd uit liggen, dat is catastrofaal voor de lokale bereikbaarheid en leefbaarheid", seit Steatelid Cor Keuning.
"De infrastructuur in de provincie deed er voor het Rijk blijkbaar niet toe", stelt Keuning.
"Het is nu aan de minister om te bewijzen dat voor dit kabinet de regio wel echt telt."
De brêge by Twellingea
© Omrop Fryslân
Rykswettersteat wol in nije brêge by Twellingea bouwe en yn de tuskentiid in tydlike brêge oanlizze.
Dy tydlike brêge kin nei ferwachting yn augustus brûkt wurde, mar yn it farseizoen wurdt it net beweechbere brêgediel der wer úthelle foar de sylboaten.
Dêrom tinkt Rykswettersteat ek oan de ynset fan in pont wêrmei't ek lânbouferkear oerstekke kin.
Rykswettersteat joech earder al oan te sjen oft ûnder oare lânbouferkear tydlik troch de Prinses Margriettunnel kin.

Needgjalp

Doarpsbelang Toppenhuzen-Twellingea en de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe in alarmearjende brief stjoerd nei de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, Barry Madlener.
Yn de brief freegje sy de minister om topprioriteit te jaan oan de gebrekkige ynfrastruktuer yn de regio, dy't de doarpen yn in isolemint brocht hat.
Neffens foarsitter Steven Visser fan doarpsbelang is de situaasje ûnhâldber.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.