Omrop Fryslân

Jildboete foar frou dy't 80-jierrige fytser oanried yn Wolvegea

Rjochtbank
© Shutterstock
In 37-jierrige ynwenner fan Wolvegea is troch de rjochter feroardiele ta in wurkstraf.
De frou hie op 14 maaie 2024 op de krusing fan de Sportlaan en de Oranje Nassaulaan yn Wolvegea in 80-jierrige fytser oanriden.
De frou hie de fytser gjin foarrang jûn, dêr't dat wol moatten hie. De plysje hie de yndruk dat de frou drugs brûkt hie. De frou ûntkende dat, wol hie se medisinen foar har ADHD brûkt. It Nederlands Forensisch Instituut (NFI) konstatearre lykwols dat de fêststelde wearde net paste by har deistige dosearring.
Foar de fytser wienen de gefolgen fan de oanriding grut. Foar it ûngelok hie de man in aktyf libben en fytste en kuiere hy in soad. Dat is no lykwols net mear mooglik. Ek moast er ferhuzje nei in hûs sûnder treppen. Neffens de offisier fan justysje wie it in "inktzwarte dag" foar it slachtoffer.
De frou stelde dat se ferbline wie troch de sinne en dat in hage it sicht belemmere. De rjochter joech ta dat de fytser dreech te sjen wie, mar neffens him wie it net ûnmooglik.
Omdat de frou de fytser net mei opsetsin oanried, krige se allinnich in jildboete. 500 euro foar gefaarlik rydgedrach en 750 euro ûnder betingst foar it riden ûnder ynfloed.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.