Omrop Fryslân

Dit is wêrom't hieltyd mear Fryske jongeren yn it leger wolle

Steven en Martijn dogge in tsjinjier
© Omrop Fryslân
Militêre opliedingen yn Fryslân binne populêr. Sawol by Firda as by NHL Stenden sjogge se in soad oanmeldingen. Oare Fryske jongeren dogge by Definsje sels in Tsjinjier (Dienjaar).
Dennis Boschma (25) fan De Lemmer is militêr yn oplieding. It leger hat altyd al syn ropping west, seit er.
"Je hawwe fansels sa'n moai grien pak oan, mar dat is net it iennige. De bruorskip dy't je opbouwe fyn ik moai."
Militêr yn oplieding Dennis Boschma
© Omrop Fryslân
Dennis seit dat it leger net allinnich in fak is, it is je libben. "Do wurdst militêr en dan bliuwst foar altyd militêr. Dat fyn ik sa moai."
Hy is net de iennige dy't der sa oer tinkt: de militêre opliedingen fan mbû-skoalle Firda ha op dit stuit al in kwart mear ynskriuwingen as ferline jier. En de militêre minors fan NHL Stenden ha al 86 oanmeldingen. Dat binne hege oantallen foar in minor dy't foar it earst hâlden wurdt.

Nije oplieding yn ûntwikkeling

"We mogen trots zijn op onze jeugd", seit Richard Delger, direkteur fan de Thorbecke Academie, in ûnderdiel fan NHL Stenden. Hy is bliid mei it hege tal jongeren dat him oanmeldt foar de militêre minors.
By Firda op It Hearrenfean komme se ynkoarten mei in nije rjochting binnen 'feilichheid en fakmanskip': de oplieding Bedriuwsautotechnyk. Mei sa'n oplieding kinst letter monteur wurde yn it leger.
Wat moatte dizze pânsere weinen by Firda op It Hearrenfean?
Dennis syn freonen fûnen it mar neat dat hy it leger yn woe. "Do bist hartstikkene gek wurden, dat dochst dochs net?", seine se.
De famylje fan Dennis is wol posityf en komt neffens him omdat hy derfoar soarget dat de frede bewarre bliuwt. Frede dy't neffens Dennis hieltyd seldsumer wurdt.
"Der is al hast gjin frede mear op 'e wrâld, der is in soad spul yn de polityk en dat kin útrinne ta oarloch."

Dissipline en wilskrêft

Njonken in oplieding by in ûnderwiisynstelling kinne jongeren boppe de 18 ek kieze foar in tsjinjier by Definsje. Dan krijst earst in basisoplieding en de rest fan it jier wurkest as in reguliere meiwurker mei in funksje yn it leger.
In soad jongeren dogge sa'n jier om yn 'e kunde te kommen mei Definsje, mar ek om saken lykas dissipline en wilskrêft te learen.
Militêr jout ûtlis oan studinten
© Omrop Fryslân
Steven van der Pol (23) út Wommels en Martijn Tuininga (21) út Stiens wolle ek beiden in tsjinjier dwaan by it leger.
De ûntwikkelingen yn de wrâld binne Steven syn grutste motivaasje. "Amearika lûkt him werom, Europa moat op eigen fuotten stean. Dat hat my ynspirearre."

Te lang

Martijn is studint International Business, mar sil dus ek in tsjinjier dwaan. Hy hie altyd al wat mei definsje: "Ik wilde vroeger altijd al de luchtmacht in, alleen ik was wat te lang en mijn ogen waren te slecht."
Steven makket him noch net fuortendalik soargen, mar it is neffens him goed om taret te wêzen. "Stel dy foar dat der wat bart yn de wrâld, dan wolle je dêr wol gewoan paraat foar stean en dêr diel fan út meitsje."
Martijn is it iens mei Steven. "We leven in een spannende wereld. Ik denk dat het goed is om in zo'n spannende wereld goed voorbereid te zijn."
Dan kun je natuurlijk altijd worden opgeroepen.
Steven en Martijn wurde reservist, as se in tsjinjier dogge
Krekt as by Dennis syn âlders, binne se by Martijn thús wiis oer syn stap. "Ik heb het aan de eettafel verteld en mijn ouders zijn er best wel positief over."
Dochs bliuwt it foar eltse âlder in spannend idee. As je je oanmelde foar sa'n tsjinjier, wurde je nammentlik reservist. "Dan kun je natuurlijk altijd worden opgeroepen."

Mem net entûsjast

By Steven thús ha se it der ek oer hân, mar dêr binne de gefoelens dochs wat oars. "Us mem is der net sa entûsjast oer."
Mar hy hat ek in soad kontakt mei oaren dy't in tsjinjier wol sitten sjogge. "It libbet ûnder de jongeren."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.