Deade fûn nei wenningbrân Drachten, wie al dagen earder ferstoarn
Nei in wenningbrân oan it Schuttersveld yn Drachten is fannacht in deade persoan fûn. Dy wie nei alle gedachten al earder ferstoarn. It lichem lei al dagen yn de wenning, is it fermoeden fan de plysje.
By it binnengean fan de wenning fûn de brânwacht de deade persoan. De plysje siket no ynformaasje oer aktiviteiten yn en om it hûs yn de perioade fan begjin maart oant no.
De identiteit fan de ferstoarne persoan, de deadsoarsaak en de oarsaak fan de brân wurde noch ûndersocht. Wa't mear ynformaasje of kamerabylden fan de nacht fan de brân hat, wurdt frege om dy te dielen mei de plysje.
Hûn rêden
De brân ûntstie yn de nacht fan tiisdei op woansdei, flak nei middernacht. It gie om in brân op beide etaazjes fan it rychjeshûs. De brânwacht skaalde om 1.00 oere op nei 'grutte brân'. De brân wie om 4.30 oere hinne ûnder kontrôle.
Ut de wenning koe noch in hûn rêden wurde.
De wenning is flink skansearre. De wenningen dêrnjonken hawwe ek reek- en wetterskea. Meardere wenningen binne fannacht ûntromme. Ien fan de omwenners kin foarearst net werom en hat in oar plak krigen fan de wenningstichting.
Woansdeitemiddei is de plysje dwaande mei forinsysk ûndersyk by it hûs. Der binne skerms en ôfsetlinten brûkt om wiidweidich ûndersyk dwaan te kinnen. Der wurdt ek buertûndersyk ferrjochte.