Sjoke ferhuze fan Dronryp nei Mar fan Genève en wenne yn "in echte opknapper"
Ald-haadklassekeatser Sjoke van der Veen giet tsjintwurdich yn Frankryk troch it libben as Sjoke Assi. Se jout gymnastykles, mar dan wol op in basisskoalle yn Switserlân. Dat betsjut altyd yn de file stean by de grins.
Sjoke wennet yn it plak Vinzier oan de súdkant fan de Mar fan Genève. Har wurk is oan in skoalle yn Monthey, Switserlân. Dêr jout se gymnastyk, swimles en byles oan bern 'mei in rêchsekje'.
It Switserske skoalsysteem liket op it Nederlânske, mei deselde yndieling yn groepen. Dat makket dat Sjoke har dêr thús fielt. Mar se kin net sizze dat it wurkjen yn Switserlân moaier is as yn Frankryk.
File
"Moatst wol alle dagen hinne en wer ride. Foar my is it in oere moarns en in oere middeis. En der stiet altyd file by de grins."
Har kar foar Switserlân is mei bepaald trochdat basisskoallen yn Frankryk net safolle mei gymnastykleararen wurkje. Dy sitte mear op skoallen yn it fuortset ûnderwiis. Sjoke har foarkar gie út nei in basisskoalle. De learlingen oan wa't sy yn Switserlân lesjout, binne yn alle gefallen hiel entûsjast.
"Alle soarten sport fine sokke bern moai. En de saken dêr binne goed foarinoar. We hawwe in protte materiaal. De bern krije swimles. En we sitte yn in skygebiet, dus krije se ek altyd in pear skylessen."
Sjoke van der Veen - want sa hiet se earst - komt eins fan Easternijtsjerk. Se folge de hbû-oplieding Academie voor Lichamelijke Opvoeding ( ALO) en wurke as sportleareres op de middelbere skoalle Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer.
Op har 23ste moete se de Frânsman Fabien Assi. Hy wie foar de leafde nei Fryslân ferhuze en wenne yn Dronryp. Dat wie út rekke en Sjoke krige in relaasje mei him.
Fan Dronryp nei Thonon-les-Bains
Harren soan Stefano waard berne. Hieltyd faker tochten se deroan om te ferhúzjen nei Fabien syn bertestreek, de Haute-Savoie yn Frankryk.
"Syn âlden wennen yn Thonon-les-Bains. Wy kamen dêr wol mei de fakânsjes. Hast dêr de mar en bergen. Kinst fan alles dwaan, ek wat sporten oanbelanget."
Dan ferkeapje we alles. We litte alles achter.
In jier nei de berte fan Stefano wiene se it deroer iens: as se wat oars woene, dan wol foardat Stefano mei skoalle begjinne soe.
"Doe seine we: dan ferkeapje we alles. It hiele hûs. We litte alles achter. En sa binne we yn Frankryk kaam."
De earste tiid koene se ynwenje by Fabien syn âlden, yn in lyts studio-appartemintsje. Dat duorre langer as dat se tocht hiene.
"Dêr binne we wol tsien jier bleaun. We hawwe lang sykje moatten om in boerepleats dy't we opknappe koene. Kwa liening wie it ek dreech. Uteinlik is dat slagge en koene we yn 2015 wat keapje op sawat in kertier riden fan de mar."
Ek foar de ferhier
Se wenje tusken de bergen en de mar yn. Fabien hat de pleats hielendal opknapt. It plan is om dêr ek in appartemint yn te meitsjen foar de ferhier.
"We binne noch altyd oan it wurk. It wie in echte opknapper. Allinnich de muorren binne stean bleaun. Gelokkich is myn man hiel handich."
Ik haw der wolris oan tocht om in yntroduksjeles te jaan. Keatsen kenne se hjir hielendal net.
Sjoke van der Veen hat yn har keatskarriêre de PC nea wûn, mar wol it NK keatsen, yn 2005. Twa jier letter hâlde se op mei keatsen.
Nei har ferhuzing keatste se noch wolris as se mei de Rypster merke werom wie yn Fryslân.
En nee, se jout gjin keatsles op skoalle, laket se. "Ik haw der wolris oan tocht om in yntroduksjeles te jaan. Keatsen kenne se hjir hielendal net."
Plannen om werom te gean nei Fryslân hat se net. "Ik haw my hielendal smiten op it libben hjir. It foldocht my goed."
En sa fier riden is it net nei Fryslân. Mei tsien of alve oeren bist al yn Nederlân, leit Sjoke út. "It is net de oare kant fan de wrâld."
We slane wolris in baltsje op it fuotbalfjild
Fansels, de gesellichheid en de doarpsfeesten mist se wol. En ek datst net samar efkes delgean kinst foar in jierdei of sa.
Mar dat we har dochter Amerens ea ris sjen sille op de Fryske keatsfjilden, slút Sjoke net út. De hast 16-jierrige fynt it keatsen moai. Sjoke: "Ik haw it har leard. We slane wolris in baltsje op it fuotbalfjild."
Kensto of bisto in Fries yn it bûtenlân?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15:10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei. Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.