Omrop Fryslân

It lêste wachthúske fan Dokkum blokkearret in oprit, mar krijt no in nij plak

Oprittechnysk stiet it wachthúske op in ûnhandich plak
© RTV NOF
It lêste wachthúske fan Dokkum krijt in nij plak: it hokje skoot fiif meter op. Troch it te ferhúzjen wol de gemeente ien fan de lêste oantinkens oan it iepenbier ferfier fan eartiids behâlde.
It is in nuver gesicht: krekt yn 'e midden fan twa huzen oan de Woudweg yn Dokkum blokkearret in soarte fan bushokje de oprit. It giet om in wachthúske út 1953.
It úsjoch fan de oprit ôf
© RTV NOF
Oant 2023 ta wie it wachthúske noch yn funksje as bushokje. Mar yntusken ride der gjin bussen mear oer de Woudweg.
De lokaasje fan dat gekke wachthúske is noch in restant fan it trajekt de eardere tram troch Dokkum. Oan de Woudweg wie in remize, sa'n bytsje foar it kafee oer.

Hynder, stoomtram, bus

Fan 1880 ôf ried in hynstetram fan de Nederlandsche Tramweg Maatschappij (NTM) troch Dokkum. It wie de earste troch de NTM realisearre line fan it lân, tusken Dokkum en Feanwâlden.
It lêste wachthúske fan Dokkum skoot in pear meter op
Hynders makken yn 1925 plak foar de stoomtram. Uteinlik soe de remize healwei de foarige iuw ferdwine.
"We moeten niet vergeten dat dit een bijzondere plek is", seit stedshistoarikus Warner Banga. "Hier kwam vroeger de NTM, zij hadden hier hun remise. Daarom is het wel mooi dat dit bushokje nog als een soort relikwie staan blijft."
Wethâlder Hanneke Jouta
© RTV NOF
Dêr is gemeente Noardeast-Fryslân it mei iens: it kolleezje fynt it in moai oantinken oan goed 140 jier iepenbier ferfier oer de Woudweg.
"Der binne gewoan net folle fan sokke húskes mear. It is histoarysk", seit wethâlder Hanneke Jouta.
"Dit is it iennige dat noch oan dy tiid referearret. Dus dit is in unike kâns: as we it bewarje kinne, litte we dêr op ynsette."
In knypeach fan it ferline
© Google Street View
Dêrom skoot it wachthúske in pear meter op. "We binne mei in oannimmer yn petear om te sjen hoe't we it dwaan sille. It is noch de fraach oft it echt wol slagje sil, want it is mar in healstiens muorke. Mar dêr wurde stappen yn set."

"Niemand begrijpt het nog"

Oanwenner Vera Kors is bliid dat it lang om let safier is. "De mensen zeggen al vanaf dat we hier wonen: wanneer halen ze het weg? Want niemand begrijpt het nog."
Ferline jier die bliken dat it hokje echt yn it paad stie. "Mijn man moest met de ambulance mee, maar deze kon niet in de buurt van ons huis komen. Daarop zijn we in overleg met de buren en gemeente gegaan. Uiteindelijk is verplaatsing daar uitgekomen."
Vera Kors
© RTV NOF
Dochs wurdt it wachthúske in pear meter fierder in nij plak gund. "Omdat de buurtman er ook blij mee is en het mooi wordt gemaakt, is het goed. Dan mag het blijven staan."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.