Ald foto-album hellet de skiednis fan Dokkumer sigarefabryk foar it ljocht

De foto fan it personiel fan De Nijverheid
De foto fan it personiel fan De Nijverheid © Lisa Taekema | RTV NOF
De skiednis fan sigarefabryk De Nijverheid wie al lang yn reek weiwurden. Mar it skinken fan in bysûnder âld foto-albumke hat de histoarje fan it Dokkumer fabryk wer foar it ljocht brocht.
Ofrûne simmer krige it argyf fan Tresoar in foto-album skonken fan Drukkerij Horstman yn Assen. Yn it albumke sit in prachtige searje fan tweintich âlde foto's fan De Nijverheid.
Dizze fabryk en gruthannel waard yn 1904 oprjochte troch Siemen Bouma (1881-1962) en wie fêstige yn in noch altyd besteand pakhûs oan it Grutdjip yn Dokkum. De foto's yn it album binne yn elts gefal foar 1933 makke, doe't Bouma in filla foar himsels bouwe liet oan it Suderbolwurk.
It pakhûs yn Dokkum, dat noch altyd bestiet
It pakhûs yn Dokkum, dat noch altyd bestiet © RTV NOF
De foto's binne makke troch kafeehâlder Egbert Beitschat (1871-1930) fan Kollum, dy't al wis om 1893 hinne aktyf wie as fotograaf.
Tresoar frege Museum Dokkum oft dêr ek sa'n album yn de kolleksje te finen wie. Sy seagen dat der wol in foto-album bestean moast yn it depot, mar it lei op in plak dêr't gewoanwei hielendal gjin foto's bewarre wurde.

Untdekking yn it depot

"Dus dat was wel heel erg vreemd", seit direkteur Hans Groeneweg. "Maar we zijn gaan zoeken."
Yn in doaze waard eintsjebeslút allerhanne guod fûn: tabaksblêden, in sigaredoaske en ek it albumke, ferstoppe yn in learen hoes.
It museum frege Warner Banga fan Historische Vereniging Noordoost-Friesland nei mear ynformaasje, mar it die bliken dat der net in soad bekend wie. Banga besleat dêrom mei Piet de Haan de argiven yn te dûken. "Het album en de vondst daarvan waren eigenlijk de trigger."
Der waard mei neiteam fan de famylje Bouma kontakt opnaam en sy giene ek op besite by bewenners fan it âlde pakhûs, dy't noch âld boekhâldmateriaal bewarren fan it fabryk.
In jonge tusken de rûge pakken tabak
In jonge tusken de rûge pakken tabak © RTV NOF
"It giele pakhûs is om 1904 hinne sigarefabryk wurden", fertelt Banga. "Doe binne Bouma en Van der Werf begûn as sigaremakkers en -ferkeapers. It begûn mei 10.000 sigaren it jier, mar it waard opfierd ta oardel miljoen sigaren yn de toptiid."

Ut grutskens op it fabryk

De Nijverheid fersoarge op it hichtepunt sa'n 30 persint fan de Fryske tabakshannel. Om dy tiid hinne moat ek it idee foar it foto-album ûntstien wêze. "Dan kinne wy oan ús klanten sjen litte watfoar moai bedriuw wy binne, moat de gedachte west hawwe."
Yn it albums sitte foto's fan de bûten- en binnenkant fan it fabryk, mar ek in groepsfoto mei al it personiel. It jout in prachtich byld fan it riden en farren yn it fabryk.
Nei alle gedachten binne der fjouwer albums makke, dêr't Tresoar en Museum Dokkum no beide ien fan besitte.