Komst grut transfearium by Marsum net wis: provinsje en gemeente Ljouwert sjogge der gjin heil yn
Komt der in grut transfearium by Marsum of geane de plannen net troch? Der is al in stik grûn kocht en de gemeente Waadhoeke is posityf, mar de provinsje en de gemeente Ljouwert sjogge dêr oars nei.
It Frjentsjerter mobiliteitsbedriuw TanQyou wurket al langer gear mei de gemeente Waadhoeke oan plannen foar mobiliteitshubs yn Noardwest-Fryslân. Dat binne oerstapplakken dêr't reizgers maklik wikselje kinne fan de auto nei bussen, treinen of elektryske fytsen.
Konkreet wurdt tocht oan 'wykhubs' yn Sint-Anne, Berltsum en Stiens, en ien grut transfearium by Marsum. Foar dat lêste kocht TanQyou ein 2022 in stik grûn neist de ôfslach N31. It bedriuw woe Transfearium Marsum eins begjin dit jier iepenje, mar de plannen rinne fertraging op.
"Te grutskalich"
Dat komt foar in part om't it transfearium yn striid wêze soe mei de omjouwingsferoardering neffens de provinsje Fryslân. Dy stiet 'nije stedsfunksjes' yn it bûtengebiet net ta. Al yn maart 2024 joech de provinsje in negatyf advys oan de gemeente Waadhoeke oer de oanfrege ûntheffing.
"In tankstasjon mei lytsskalige foarsjennings hie noch passend wêze kind, mar benammen de P+R, waskstrjitte en oare funksjes meitsje dat in transfearium te grutskalich wurdt foar dizze lokaasje", stelt wurdfierder Douwe Boersma fan de provinsje.
"In transfearium sil ek de iepen romte nei de klaai en it sicht op Marsum fuortnimme, wylst dat just sjoen wurdt as in kwaliteit fan dat gebiet."
Het is logisch om deze busbewegingen te benutten door P+R-reizigers hier te laten overstappen.
Yntusken rjochtet de gemeente Ljouwert him op oare lokaasjes foar mobiliteitshubs oan de stedsrâne. Yn it foarich jier fêststelde beliedskader Mobiliteit 2040 wurdt sprutsen oer twa P&R-hubs oan de stedsrâne: yn de buert fan it Swettehûs en by it takomstige stasjon Werpsterhoeke.
De lokaasje by it Swettehûs leit strategysk oan de westkant fan de stêd, flakby de N31 en de nije busremize.
"Door de busremise rijden hier veel bussen heen en weer tussen het centrum en de remise. Het is logisch om deze busbewegingen te benutten door P+R-reizigers hier te laten overstappen", leit gemeentewurdfierder Tjalling Landman uit.
Hoe no fierder?
Sa'n P+R-hub by it Swettehûs leit wol hiel tichtby de beëage lokaasje fan it Transfearium Marsum. Wat dit betsjut foar de plannen yn Noardwest-Fryslân, bliuwt ûndúdlik.
De gemeente Waadhoeke meldt dat de ferkenning nei mobiliteitshubs, wêrûnder it transfearium by Marsum, noch yn folle gong is. Begjin july wurdt in 'foarriedige rjochting' ferwachte.
Hjirby binne de provinsje, de gemeenten Ljouwert en Waadhoeke en de nije busferfierder Qbuzz belutsen. Ek de partisipaasje fan doarpen spilet in rol yn de fierdere útwurking.