Hartthijs de Vries lang yn kopgroep by earste maitiidsklassiker
Hurdfytser Hartthijs de Vries hat him sjen litten yn de earste Flaamske maitiidsklassiker fan it jier. De Kollumer siet lang yn de kopgroep fan sân riders.
Mei noch sa'n tritich kilometer te gean waard de kopgroep byhelle. Uteinlik einige De Vries as 34e. Jelte Krijnsen út Boalsert einige yn syn earste klassiker as 71e.
De oerwinning gie yn de einsprint nei de Noar Søren Wærenskjold.