It hurdfytsseizoen begjint: dizze Friezen moatst yn de gaten hâlde by de Omloop en Parijs-Roubaix
Ferjit Tadej Pogacar, Demi Vollering en Mathieu van der Poel. Dit binne de Fryske hurdfytsers dy'tst dizze maitiid yn 'e gaten hâlde moatst.
Sneon begjint mei de Omloop het Nieuwsblad it 'Flaamske foarjier', sa as se dat yn it hurdfytsen neame.
Yn dy maitiid wurde in oantal grutte koersen riden, sa as Gent-Wevelgem en de Ronde van Vlaanderen.
Ek bûten België wurde in oantal saneamde klassiekers riden. Sa as Strade Bianche en Milaan-San Remo yn Italië, de Amstel Gold Race yn Nederlân en Parys-Roubaix yn Frankryk.
Yn dy grutste koersen ferskine ek Friezen oan de start. Fanselssprekkend is dat, hielendal by de manlju, de ôfrûne jierren net.
In blik op de Fryske hurdfytsers:
Jelte Krijnsen
De 23-jierrige Boalserter makket hurd karriêre. Ferline jier wûn er syn earste profkoersen, wat him in oerstap opsmiet nei Jayco AlUla. Dat is in World Tour-ploech, dy't útkomt op it heechste nivo fan it ynternasjonale hurdfytsen.
Dêrmei is Krijnsen de iennige Fryske manlike hurdfytser op dat nivo.
Krijnsen hie ek nei Visma I Lease a Bike kinnen, mar by Jayco AlUla mei er sa no en dan ek foar eigen kânsen ride. Sa as yn de maitiid.
Hy stiet yn alle gefallen foar seis koersen ynpland. De earste twa binne dit wykein: Omloop het Nieuwsblad en Kuurne-Brussel-Kuurne.
Letter yn de maitiid rydt Krijnsen ek ûnder oare de Ronde van Vlaanderen en Parys-Roubaix. Dat er dy koersen ride mei, dat is in dream dy't útkomt.
"Het is nog steeds heel bijzonder. Soms moet ik er nog wel even bij stilstaan hoe snel het is gegaan", seit Krijnsen.
Dan kan ik eind maart, begin april bij de echt grote koersen hopelijk meedoen in de finale.
Foar Krijnsen binne de maitiidsklassikers it meast wichtich. Spesjaal foar dy wedstriden hat de Australyske ploech Jayco AlUla him helle.
"Het zijn de koersen die mij het beste liggen. Dit is hét moment van het jaar. Het gaat 250 kilometer op het scherpst van de snede."
Hy hat dizze moanne lykwols siik west, wêrtroch't it efkes ôfwachtsjen is mei watfoar foarm hy kommend wykein oan it seizoen begjinne sil. Mar geandewei it foarjier hopet er better en better te wurden.
"Dan kan ik eind maart, begin april bij de echt grote koersen hopelijk meedoen in de finale."
Jelte Krijnsen
Dan in hurdfytser dy't we yn de gaten hâlde moatte. Miskien net yn it earst om de prestaasjes, mar om in oare reden.
Nicole Steigenga
Hjoed eksakt twa jier lyn besiket Nicole Steigenga in falpartij te ûntwiken. Mar se rekket in stoeprâne, komt mei har holle tsjin in lantearnepeal en rint in harsenskodding op.
It liket earst ta te fallen, mar úteinlik kostet it Steigenga oardel jier.
In pear moannen lyn ried de 27-jierrige hurdfytster fan Eksmoarre har earste koersen wer. Dit seizoen begûn foar har yn jannewaris mei in pear wedstriden yn Australië.
"Ik bin fysyk wol wer op nivo", fertelt Steigenga oan de foarjûn fan it klassikerseizoen.
Yn earste ynstânsje rydt se de wat lytsere maitiidskoersen, sa as Le Samyn, GP Oetingen en Nokere Koerse.
"Yn de earste pear wedstriden binne der kânsen foar mysels. Dan kinst sjen wêr'tst stiest", leit Steigenga út. "Dêrnei bepale we hoe't de rest fan it foarjier derút sjocht."
Ik fyn it wol in bytsje spannend om wer yn in peloton te riden.
Geane dy earste wedstriden goed, dan mei se ek hoopje op de Ronde van Vlaanderen en Parys-Roubaix.
De dochter fan âld-hurdfytser Sierd Steigenga moat wol tajaan dat se, nei har harsenskodding, wat oars talibbet nei de wedstriden.
"Ik fyn it wol in bytsje spannend om wer yn in peloton te riden. Moatst yn de maitiid folle risiko nimme, dat bliuwt altyd spannend. Mar as ik myn fokus goed haw, moat it wol goedkomme."
Harsels bewize
Ekstra reden foar Steigenga om har sjen te litten is dat har kontrakt by AG Insurance - Soudal nei dit seizoen ôfrint. En dus moat se har bewize by de grutte Belgyske ploech, dêr't ek de Burgumse Leonie Bentveld foar rydt.
Bewize, dat wolle de hurdfytsers fan Unibet Tietema Rockets ek. Ien fan harren is de lêste tiid nóch faker yn België te finen as oars.
Hartthijs de Vries
De leafde bringt Hartthijs de Vries fan Kollum nei it beloofde lân fan it hurdfytsen.
Hy hat in Belgyske freondinne en kocht koartlyn in hûs yn it lân fan de foarjiersklassikers.
Hy fernimt om him hinne al dat Flaanderen begjint ta te libjen nei it hurdfytsseizoen.
"It is echt in ferskil mei wat wy wend binne. Eltsenien hjir ken en praat oer de koers. As ik hjir train, wurd ik hiel faak werkend troch hurdfytstoeristen. Eltsenien is dwaande mei de koers. Ek minsken dy't neat mei de koers hawwe, witte wa'tst bist."
De Vries begjint kommend wykein, krekt as Krijnsen, yn de Omloop het Nieuwsblad en Kuurne-Brussel-Kuurne.
Dêrnei docht de 28-jierrige Kollumer wat lytsere koersen, om yn april mooglik Parys-Roubaix te riden. Dêroer nimt de ploech letter in beslút.
De foartekenen binne posityf, want nei eigen sizzen hie De Vries in goeie winter sûnder siik te wêzen en blessueres. Om him mei it wol begjinne.
"De Belgyske wedstriden binne hiel dreech. It is in hiel soad draaie, keare en posisjonearje. Mar dat makket it ek moai."
Ek dizze Friezen ride yn de maitiid
- Anneke Dijkstra (27) seagen we ferline jier al yn de foarjiersklassikers. En ek no hat de rydster fan Olterterp in fol programma mei ûnder oaren Milaan-San Remo, de Ronde van Vlaanderen en de Amstel Gold Race. "Ik hoopje yn de finale te kommen fan de grutte koersen."
- De 20-jierrige Elmar Abma rydt foar it opliedingsteam fan Intermarché-Wanty, de World Tour-ploech mei ûnder oaren Biniam Girmay. Abma sil in pear wedstriden mei de World Tour-ploech ride, mar syn haaddoel dit foarjier is Parys-Roubaix foar de beloften.
- Se kin de Flaamske diken wol dreame: de 31-jierrige Anouska Koster ried bygelyks de Omloop het Nieuwsblad al alve kear. No smyt se it skema in kear om. Amper Flaamske klassikers, mar wol ride as it wat heuveleftiger wurdt, sa as by de Waalske Pyl en Luik-Bastenaken-Luik.