Ronde van Vlaanderen giet oan Nicole Steigenga foarby: "It is konfrontearjend"

Nicole Steigenga
Nicole Steigenga © Orange Pictures
Se is al lang bliid dat se wer wat bûten fytse kin en dat dokters gjin streek troch har hurdfytsambysjes set ha. Dochs liket de Ronde van Vlaanderen, de koers dy't Nicole Steigenga sa graach wer ride wol, noch fier fuort.
"It is konfrontearjend dat oaren gewoan fierder gean wylst ik noch hieltyd net echt traine kin", seit sy.
Op 28 febrewaris 2023, by de Waalske kasseiekoers Le Samyn, gie it hielendal mis foar de hurdfytster út Eksmoarre. Yn har besykjen in falpartij te ûntwiken, rekket se in stoeprâne en klapt se hurd mei de holle tsjin in lantearnepeal.

In grutte klap

Fan it ûngelok sels wit se neat mear. Steigenga waard nei it sikehûs brocht, dêr't de dokters seinen dat se in lichte harsenskodding hie.
Oft dy diagnoaze hielendal korrekt wie, weaget se yntusken te betwifeljen. Omdat de dokters inkeld Frânsk praten, ferrûn de kommunikaasje yn alle gefallen dreech.
"Ik ha net echt it idee dat se in hiel goed ûndersyk dien ha. Neffens my wie der ek gjin neurolooch by. Ik tink dat se wat te rap konkludearre ha dat it wol goed wie."
Nicole Steigenga (m) by de Omloop het Nieuwsblad yn 2023
Nicole Steigenga (m) by de Omloop het Nieuwsblad yn 2023 © Paul Hinninck
Sels wie se ek yn de ûnderstelling dat it wol tafoel. "Ik bin wol faker op 'e holle fallen en yn it begjin tocht ik: it duorret in pear dagen en dan is it wer klear."
Dat wie net it gefal, sa die bliken. De hurdfytster krige allinnich mar mear lêst en einliks wie alles te folle. "Ik koe amper tsien minuten rinne. Dêrnei wie ik kapot en moast ik wêr op bêd lizze."

Lange refalidaasje

Steigenga krige troch dat it allegear langer duorje soe as ferwachte en socht help by de harsenskoddingspoli fan de KNVB.
It fuotbalbûn hat in spesjale 'harsenskoddingspoly' opset nei oanlieding fan wittenskiplik ûndersyk, wêrmei't oantoand waard dat it koppen fan in bal in ferhege kâns jout op harsenletsel. Mar ek oare sporters dy te krijen hawwe mei letsel oan de holle kinne dêr terjochte.
Dêr fertelde in sportdokter dat it net yn in pear moannen oer wêze soe, mar dat se earder útgean moast fan in jier oant oardel jier.
"Dat wie fansels net leuk om te hearren", seit Steigenga (26). "Earst baalde ik foaral dat ik it foarjier misse soe, want dat binne wol de wedstriden dy't ik it moaist fyn. Mar dit wie úteinlik dus noch wol wat langer."
Nicole Steigenga
Nicole Steigenga © Eigen foto
Yntusken sit Steigenga midden yn har refalidaasjeproses en pakt se hieltyd wat mear dingen op. Sa wurket se wykliks twa dagen twaenheal oere as fysioterapeut en sit se trije oant fjouwer kear op de racefyts of Tacx, in apparaat dêr't je mei yn 'e hûs traine kinne.
"Ik bin al lang bliid dat ik wer in bytsje bûten fytse kin", fertelt se.
"It slagget wer om gewoan in oere lekker te fytsen sûnder dat ik hieltyd lette moat op dat ik net te hurd gean en dat soarte fan dingen."
Moatst de pineholle einliks wat opwekke om wer better te wurden.
Nicole Steigenga
It weromkommen fan de harsenskodding giet allinnich wol mei hoarten en stuiten. "Moatst dyn brein eins wer traine om in bepaalde belesting oan te kinnen", seit se.
"Do moatst echt de grins opsykje, mar dy grins jout tagelyk ek mear klachten. Dat is hiel ferfelend, omdatst einliks de pineholle wat opwekke moatst om wer better te wurden."
Yn har refalidaasje rint Steigenga tsjin twa problemen oan. Sa wurde har bloeddruk en hertslach by ynspanning net hielendal goed regulearre, wêrtroch't se bot lêst fan de holle krijt. Dêrneist hat se sûnt de falpartij te krijen mei in ôfwiking yn it linkereach.

Traine mei in 3D-bril

It gefolch is dat beide eagen net mear goed gearwurkje. Om dit wer op te lossen giet se nei in funksjoneel optometrist en traint se de eagen, ûnder oare mei in 3D-bril.
"Ik fyn dy oefeningen einliks wol hiel noflik, omdat ik dêrtroch it idee ha dat ik der sels echt wat oan dwaan kin", seit se. "Fan it al mar ôfwachtsjen wurd ik allinnich mar gek."
Nicole Steigenga by de Ronde van Drenthe yn 2022
Nicole Steigenga by de Ronde van Drenthe yn 2022 © Orange Pictures
Wannear't we har wer werom yn koers sjogge, wit Steigenga net. It omgean mei dizze ûnwissens fynt se bytiden dreech.
"Ik doch der alles oan om wer sa gau mooglik werom te kommen en echt akseptearje doch ik it net. Want ja, ik wol gewoan wer myn ding dwaan."

Fertrouwen hâlde

Dochs giet se der foaral fan út dat it wer goed komt. De eangst nea wer koerse te kinne is yntusken nei de eftergrûn ferdwûn, hoewol't er dêr noch wol wat omslommeret.
"It is dochs wat geks datst nea earder meimakke hast", seit se. "It is net dat ik de hiele dei tink: miskien wurdt it net mear better. Ik tink just: it wurdt wól wer better. Allinnich earne efteryn myn holle bin ik dochs in bytsje benaud dat it net sa is."
Nicole Steigenga by de Bloeizone Fryslân Tour yn 2022
Nicole Steigenga by de Bloeizone Fryslân Tour yn 2022 © Orange Pictures
Foar Steigenga is it yn elts gefal noflik dat se goeie stipe kriget fan har ploech AG Insurance-Soudal Team. Ek hat se fan 't winter mei west op trainingskamp en besiket se sa no en dan ris in wedstriid.
"Dat fyn ik foaral hiel moai, ik bin op dy mominten gewoan bliid dat ik der bin."
By thúskomst is it allinnich wol wat konfrontearjend. "Dan litst it allegearre wat besinke en dan is it wol lestich dat eltsenien wer gewoan fierder giet en ik dêr net yn mei gean."
De Ronde van Vlaanderen is ien fan de hichtepunten fan it ynternasjonale hurdfytsseizoen en hat yn België in status dy't ferlykber is met de Alvestêdetocht. De koers wurdt troch ús suderbuorlju dan ek wol 'De Hoogmis' neamd.
By de froulju dogge Anouska Koster fan De Westereen en Anneke Dijkstra fan It Hearrenfean mei.
Hoewol't se hjoed graach sels de Ronde van Vlaanderen riden hie - "It is wol in bytsje it WK fan it foarjier" - sil se him dizze kear fan de bank ôf folgje. "Ik wol it wol graach sjen, omdat ik it in moaie wedstriid fyn en omdat ik benijd bin nei hoe't myn ploechgenoaten it dogge."
Dochs is it foar har ek wat dûbeld. "De manljukoers is wat dat oangiet wat makliker om te folgjen, omdat ik dêr yn alle gefallen net it idee ha dat ik der sels by sitte kinnen hie."
Al mei al hopet Steigenga kommend jier sels wer oan de start te ferskinen. "Dat soe hiel moai wêze. Boppedat rydst er net samar, dus it soe ek betsjutte dat ik wer yn foarm bin."