Fryske metaaldetektors pipen wat ôf: dit binne de sân moaiste fynsten
Mei de 'bulla' by Rinsumageast kaam der wer in kraal oan de archeologyske ketting. Want yn de ôfrûne jierren binne der aardich wat fraaie fynsten dien yn ús provinsjegrûn.
De metaaldetektors pipen geregeld. Ferspraat oer Fryslân waard in moaie samling iuwenâlde foarwerpen opdûkt. Fan in 'pommelkap' fan in fikingswurd oant in fierljepspear; de foarwerpen foarmje mei-inoar in wiere Fryske skatkiste. Hokker sprongen de ôfrûne jierren it measte yn it each? Hjirûnder in oersjoch.
1. De 'bulla'
Hy waard dizze wike fûn yn in greide by it eardere Klooster Claercamp by Rinsumageast: de saneamde 'bulla'. Dat is in pauslik merklead út de tiid fan paus Eugenius IV (1431-1447).
Dy waard brûkt as segel en befêstige oan dokuminten (bullen) dy't yn de pauslike kânselarij útjûn waarden.
Finer Richard Prins hat de bulla yn brûklien jûn oan Museum Dokkum. Dêr is er no te sjen yn in tentoanstelling oer it kleaster Claercamp.
2. Iuwenâlde pleats
Hannewriuwend stienen de archeologen ein ferline jier yn it Muldersfjild yn Makkingea. Se fûnen dêr restanten fan in pleats út de achttjinde iuw, yn autentike steat.
Dat klinkt net bysûnder foar Fryslân. Lykwols, it giet hjir om in húspleats. Dat is in rjochthoekich gebou mei foaryn it wendiel en efteryn it bedriuwspart/stâl. De dielen wurde faninoar skaat troch in stiennen muorre.
Dy wize fan bouwen waard meastentiids brûkt yn Noard-Dútslân en East- en Midden-Nederlân.
Ierdewurk út midsiuwen
Under de flier fan it wendiel is in boerd fûn út de achttjinde iuw. Under de stâl lei sels ierdewurk út de lette midsiuwen.
"Dat wijst erop dat hier ook al bewoning heeft plaatsgevonden in de periode voor de boerderij", seit archeolooch Laura Klerkx entûsjast.
Losse stikken, lykas de diggels, binne nei it Noordelijk Archeologisch Depot gien.
3. Húsrestanten út sechsde iuw
Yn deselde moanne as de fynst fan de pleats, wie it noch in kear raak. Dit kear yn Britsum. Archeologyske resten fan huzen út de sechsde en sânde iuw waarden ûntdutsen by it oanlizzen fan elektrisiteitskabels.
It giet om guod út twa tiidrekken. De twadde iuw (Romeinske tiid) en de sechsde en sânde iuw.
Yn dat lêste tiidrek florearre Fryslân. Yn it Fryske ryk wie doe in soad wolfeart. De sânde iuw wurdt ek wol de earste Gouden Iuw fan Nederlân neamd.
De kâns bestiet dat it guod yn in tydlike eksposysje toand wurde sil. Wêr en wannear is net dúdlik. Cuno Koopstra, fan MUG Ingenieurs út Leek: "We zijn druk bezig om met deze vondsten tot een mooi verhaal te komen, want dat is uiteindelijk de essentie van de archeologie."
4. Gouden muntfibula
Miskien wol ít archeologyske pronkstik fan de ôfrûne jierren: in gouden muntfibula út de lette midsiuwen. Dat is in draachynsynje fan, yn dit gefal, de gouden munt 'Koning Filips IV 1328 -1350 Frankryk'.
Archeolooch Robbert Velt út Ljouwert, finer fan de muntfibula, fertelde dat dit it earste gouden eksimplaar is, foar safier bekend.
Nei alle gedachten wie it doel fan it fersierde krús de skealike útwurking fan heidenske spreuken tsjin te gean.
Krekt as syn oare fynsten, is de muntfibula opnaam yn it Noordelijk Archeologisch Depot yn Nuis. Velt neamde dit "de kroon op zijn werk."
Velt seach de muntfibula lizzen yn in omploege stik lân yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Wêr krekt, fertelt er leaver net.
5. Skipswrak
Se seagen der flink fan op by it opromjen fan de resten fan de MSC Zoe. Ynienen kaam dêr in iuwenâld skipswrak op. De ûntdekking hie plak fyftjin kilometer noardlik fan de fargeul Skylge - Dútske bocht.
De fynst, yn april 2024, wie tafal. De foardielen weagje net op tsjin de neidielen, "maar", sa seit Thijs Coenen fan de Rijksdienst, "als die containers niet van het schip waren gevallen, hadden we vermoedelijk nooit geweten dat hier een eeuwenoud scheepswrak lag."
Kers op 'e taart wie de lading fan it skip: 13.000 kilo koper. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de platen fan de famylje Fugger wiene. In hannelsfamylje út Dútslân mei in soad jild en ynfloed.
De platen wurde no opslein yn it depot fan de Rijksdienst. "Vervolgens kunnen ze in een museum terechtkomen, als het museum ze wil hebben. Dan kunnen ze in bruikleen naar een tentoonstelling worden gebracht."
In museum yn Cuxhaven (Dútslân) hat syn kâns al grypt; dat hat al in pear platen te stean.
6. Fierljepspear
Dan wer even werom nei de midsiuwen. Want ôfrûne maart waard in bysûnder stikje metaal fûn. Dit barde by in opgraving op in terp yn Ferwert. It die bliken dat it in saneamde 'kletsievoet' wie.
Dat is it ûnderste part fan in pols om mei te fierljeppen. It âld-Fryske foarwerp hie twa funksjes. It waard yn de midsiuwen as spear brûkt en ek om oer sleatten te springen. De kletsyfoet moast foarkomme dat de pols by it springen yn de modder weisakke.
Typysk Frysk
Der binne earder kletsyfuotten fûn. Alle kearen yn Fryslân. Dêrom wurdt derfan útgien dat it om in typysk Frysk fenomeen giet. En boppedat de oarsprong is fan it fierljeppen.
Fjouwer fan dizze fynsten binne te finen yn it Fries Museum. Twa lizze yn it Noardlik Archeologysk Depot yn Nuis, dat ek it opslachplak is fan de kletsyfoet fan Ferwert.
7. Pommelkap
Dan noch te sjen yn it Fries Museum: in 'pommelkap' út de tsiende iuw. In pommelkap is in part fan it hânfet fan in fikingswurd, as fersiering. It foarwerp is fan koper en wie eartiids fergulde.
Archeologyleafhawwer Sander Visser swypke mei syn metaaldetektor boppe de grûn fan Wytmarsum. Ynienen krige de ynwenner fan Lelystêd in sinjaal fan syn metaaldetektor. Net folle letter stie er mei de pommelkap yn 'e hân.
"Ik heb wat foto's gemaakt en die doorgestuurd naar een vriend van me. Die ging helemaal uit zijn plaat", seit Visser.
It foarwerp is fersierd yn de 'Mammenstijl' fan de tsiende iuw. Oan 'e úteinen binne wylde bargen te sjen. De bisten steane symboal foar krêft en moed.