Omrop Fryslân

Unike fynst by Wytmarsum: 'pommelkap' bringt Fikingtiid ta libben

De pommelkap fan in fikingswurd
© Sander Visser
In opmerklike fynst: yn Wytmarsum helle archeologyleafhawwer Sander Visser út Lelystad in stik fan in fikingswurd út de grûn. It stik is presintearre yn it Fries Museum.
It giet om in saneamde 'pommelkap' út de tsiende iuw. Dat is in stik fan it hânfet fan in swurd, bedoeld foar fersiering. It ding is fan koper en wie eartiids fergulde. It is foar it earst yn Nederlân dat sa'n stik fûn is.
"Ineens kreeg ik een mooi signaal. Ik ging graven en toe kwam die pommel eruit. Ik wist wel dat het de achterkant van een zwaard was, ik had alleen nog niet het vermoeden dat het van een Viking geweest zou kunnen zijn", fertelt Visser.
Sander Visser docht unike fynst út de Fikingtiid by Wytmarsum
"Ik heb wat foto's gemaakt en die doorgestuurd naar een vriend van me. Die ging helemaal uit zijn plaat. Dat was leuk, dan gaat het leven", seit de finer.
It foarwerp is fersierd yn de 'Mammenstyl' fan de tsiende iuw. Oan de úteinen binne wylde swinen te sjen. De bisten steane symboal foar krêft en moed.

Histoaryske wearde

It Fries Museum en de Fryske Akademy dogge tegearre ûndersyk nei de pommelkap. It lytse dinkje hat nammentlik grutte betsjutting foar histoarysk ûndersyk. It lit sjen dat der noch folle mear te learen falt oer de Fikingtiid yn it saneamde Frisia, it doetiidske gebiet dat noch in stik grutter wie dan it hjoeddeistige Fryslân.
De 'pommelkap' is presintearre yn it Fries Museum yn Ljouwert
"It fersterket ús begryp fan de kontakten tusken Frisia en de Fikingwrâld yn Scandinavië en de Britske eilannen", seit Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur fan de Fryske Akademy.

Symboalen

Diana Spiekhout, konservator fan It Fries Museum, noazet al lang yn betiidmidsiuwske swurden om foar ûndersyk. "Zwaarden waren in die tijd meer dan alleen wapens", fertelt se entûsjast. De foarwerpen krigen troch de fersieringen minsklike eigenskippen en in wichtige symboalyske wearde.
Konservator Diana Spiekhout
© Historisch Bewijs
"Je zou deze zwaarden 'episch' kunnen noemen."

Earst rjochting Leiden

Omdat swurden faak ek lange tiid trochjûn waarden binnen famyljes, waarden fersieringen taheakke of ferwidere. "Daarom roept deze pommelkap vragen op over het 'leven' van het zwaard. Is ie ooit bewust verwijderd door een nieuwe eigenaar, of is het hele zwaard uit elkaar gehaald?"
Pommelkap, koperlegering mei spoaren fan ferguldzel. Wytmarsum, 900-1000 n.Chr. kolleksje Fries Museum, krigen mei stipe fan de Alma Tadema kring, fûn troch Sander Visser.
© Fries Museum
Foar it publyk is it stik swurd foar it earst te sjen yn it Rijksmuseum van Oudheden yn Leiden as ûnderdiel fan in tentoanstelling dy't yn april yn premjêre giet.
Dêrnei ferhuzet de pommelkap wer nei Fryske boaiem, nei it Fries Museum.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.