Joost en Jeroen reitsje wurk yn e-bikes kwyt nei fallisemint en begjinne eigen saak
Joost en Jeroen waarden wurkleas mar pakten sels gau de tried wer op: se begûnen in eigen fytsewinkel. Mei Fiets & Co op De Jouwer ûnderhâlde se de fytsen yn it gebou dêr't se earder wurken.
Nei it fallisemint fan Stella Fietsen yn novimber 2024, rekken Joost Bakker en Jeroen Naberman, tegearre mei sa'n 400 oare minsken, harren baan kwyt. It duo joech de moed net op. "Wy hawwe in ûndernimmende geast en woene graach trochgean mei ús wurk", seit Bakker.
Op in yndustryterrein yn Snits begûnen sy in wurkplak foar Stella-fytsen, dêr't sy ûnderhâld en reparaasjes oan elektryske fytsen diene. It bliek in skot yn de roas.
Klanten út it hiele lân wisten harren wei nei de wurkpleats yn Snits te finen. "Sommige mensen zaten uren in de trein om hun fiets bij ons te laten repareren", laket Bakker.
"Stella had een businessmodel waarbij klanten regelmatig herinneringen kregen voor onderhoudscontroles en klanten werden verleid om onderhoudspakketten af te nemen."
Boppedat wiene de ûnderdielen spesifyk, wêrtroch't ûnderhâld bûten in Stella-filiaal lestich waard. "Veel fietsenmakers zagen geen brood in het overnemen van het onderhoud."
Gat yn de merk
Bakker en Naberman besleaten it gat yn de merk op te foljen. "We hebben veel Stella-onderdelen opgekocht, zodat we klanten goed kunnen helpen."
De saken rûnen sa goed dat de wurkpleats yn Snits al gau te lyts waard. Doe't de âlde Stella-lokaasje oan de Produksjewei op De Jouwer beskikber kaam, griepen Bakker en Naberman harren kâns. "We hebben altijd goed contact gehad met de verhuurder, dus de deal was snel rond", seit Bakker.
Yn de kommende twa wiken wurdt de foarried fytsen fan Snits ferhûze nei De Jouwer. "Er moet nog het een en ander omgebouwd worden, maar we zetten er vaart achter", seit Bakker.
Ek oare merken
Op 1 maart giet de nije fytsewinkel Fiets & Co op De Jouwer iepen. Ek op it nije ûnderkommen biedt it duo ûnderhâld en reparaasjes, mei spesjale ekspertize yn Stella-e-bikes. Mar klanten kinne der ek foar oare merken telâne.
Der geane ferhalen oer in trochstart fan Stella Fietsen, mar neffens Bakker liket dat no op losse skroeven te stean. "De plannen voor een herstart in het westen en zuiden van het land zijn onzeker geworden. Dat is sneu voor de klanten daar, maar in het noorden kunnen mensen straks weer bij ons terecht."