Ferbjustering oer plannen foar stroomkabel Skier: "Zwaar teleurgesteld"
'Ik bin swaar teleursteld' en 'hiermee zijn we terug bij af'. Sawol boere-organisaasje LTO as Natuurmonumenten begrypt neat fan de foarkar foar in grutte stroomkabel ûnder Skiermûntseach troch.
Minister Sophie Hermans fan Klimaat en Griene Groei makke moandei bekend dat de rûte ûnder it eilân har foarkar hat. De kabel is nedich om grutte wynparken op de Noardsee te ferbinen mei de Eemshaven.
Sawol LTO as Natuurmonumenten hie leaver sjoen dat de minister har foarkar útsprutsen hie foar in rûte mear eastlik, eventueel troch de kabels troch in tunnel rinne te litten.
"'t Blykt keer op keer dat de regio's met minder kiezers 't kynd fan de reken binne", skampert Tineke de Vries fan LTO Noard.
'Heel teleurstellend'
"We zoeken de beste oplossing die de minste schade aan natuur en landschap aanricht", seit Jorien Bakker fan Natuurmonumenten. "Dat dit dan de uitkomst is, is echt heel teleurstellend."
"De route onder Schiermonnikoog en het wantij door is een belangrijk gebied voor vogels. De natuur speelt daar de hoofdrol."
't Is gyn kabeltsy fan fijf sintimeter.
De foarkarsrûte fan de minister giet net allinnich troch kwetsber natuergebiet. LTO Noard makket him soargen oer it stik tusken Pieterburen en de Eemshaven.
"Wij hewwe met ferskillende overheden en belange-organisasys angeven dat de oastlike roete ôns foorkeur het. En nou komt de minister met 'n kabel deur én 'n ailand, én beskermd netuurgebied, én deur 37 kilometer hoogweerdige lanbougrônd."
"'t Is gyn kabeltsy fan fijf sintimeter. Wij binne benaud foor ferstoring fan 't booiemleven. En je grave deur soute grônd, dus je krije ok te maken met fersilting."
Tunnel
Neffens de minister is de rûte ûnder Skiermûntseach it rapst klear en technysk it ienfâldichst oan te lizzen.
De Vries is it dêr net mei iens. "Die tiidswînst kin wel 's ferloren gaan deur alderhande rechtssaken."
"Je kunt dit beter in één keer goed doen dan nu haast te maken", seit Bakker. "Je wil er niet achter komen dat je toch best een tunnel meer naar het oosten kunnen leggen."
'Kop d'r veur'
Sawol LTO Noard as Natuurmonumenten hopet dat de minister noch op oare gedachten te bringen is.
"Dat motte wij tegaar met de ândere regiopartijen doen", seit De Vries.
"Dit is nog geen gelopen race", tinkt ek Bakker. "Maar als Groninger zeg ik wel dat we nu wel met de kop d'r veur moeten."