Grut blok op spoar smiten op It Hearrenfean: "Hoe haal je dit in je hoofd"
In trein is tiisdeitejûn tsjin in grut, swier blok op it spoar riden. Dat barde op de hichte fan stasjon It Hearrenfean IIsstadion om 23.30 oere hinne.
It blok wie op it spoar smiten en waard troch de trein meisleept oant stasjon It Hearrenfean. Yn de trein rekke net ien ferwûne.
ProRail en NS dogge oanjefte. De treinorganisaasjes hawwe it oer in "levensgevaarlijk incident". "Hoe haal je dit in je hoofd", freget bestjoerder John Voppen fan ProRail him ôf.
Noch gjin oanhâlding
De plysje is fannacht nei it plak fan it ynsidint kaam en hat twa jonge jonges kontrolearre dy't by it spoar wienen. Se binne net oanholden, mar wurde wol meinaam yn it ûndersyk, seit in plysjewurdfierder.
Fierder kin de plysje noch neat sizze oer eventuele ekstra feilichheidsmaatregels by it Fryske spoar.
"Kan niet ongestraft blijven"
"Dit had heel anders af kunnen lopen", seit Voppen. "Gevaarlijk en verboden! En wat een enorme schrik is dit geweest voor machinist, treinpersoneel en reizigers. Wij zitten hier samen met politie bovenop en willen de daders aanpakken. Dit kan niet ongestraft blijven. Ongelooflijk!"
Neffens ProRail ha der dizze wike al mear ynsidinten west. Sa waard tiisdeitejûn ek al oar guod om en by it spoar oantroffen. Dat soe ûnder mear gean om bakstiennen.
In wurdfierder fan ProRail leit út dat it probleem fan spullen op it spoar yn it hiele lân wol foarkomt, mar dat op It Hearrenfean wol "echt iets speelt". Sa'n grut blok dat tiisdei op it spoar kaam, kin in ûntspoaring feroarsaakje.