Omrop Fryslân

Minsken dy't op it lêste momint ôfsizze: De Slotpleats yn Bakkefean hat syn nocht

Jouke-Piet Drijfhout, De Slotpleats
© Omrop Fryslân
Fyftich reservearringen en 26 ôfsizzers. It barde kok Jouke-Piet Drijfhout fan De Slotpleats yn Bakkefean koartlyn. De diskusje om gasten tenei in oanbetelling dwaan te litten, spilet op.
Yn ûnder mear Amsterdam is it al hiel gewoan: alfêst in diel foarútbetelje as je reservearje yn in restaurant. Bellest te let ôf? Dan wurdt it bedrach net weromstoarten.
It is in diskusje dy't ek yn Fryslân ien kear yn de safolle tiid de kop opstekt, sjocht de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland (KHN).
"Tafels zijn belangrijk", seit Kor van der Meulen fan de KHN. "Als je winst dan tien minuten van tevoren verdwijnt, heb je geen tijd meer om andere gasten te regelen."

Dilemma

It is in dilemma dêr't Jouke-Piet Drijfhout ek mei wrakselet. Koartlyn, op in glêde dei, belle de helte fan de minsken dy't reservearre hie ôf. Sykte, of net troch de glêdens of snie doare te riden, wiene in pear fan de redenen.
Grand Café Jan! yn Wergea
© Omrop Fryslân
"Dat wie in útsûnderlike situaasje, mar wy wrakselje der wol mei. Wy sitte yn de bosk op in lângoed, dus wy hawwe gelokkich noch wol wat oanrin, mar do bestelst iten foar in bepaald oantal minsken en hierst personiel yn. It is skande ast dat personiel wer ôfbelje moatst."
Dêrom hat Drijfhout foar gruttere groepen al wol in regeling mei oanbetellingen. Mar as trije groepkes fan bygelyks fjouwer ôfsizze, is de skea like grut.

Mei in oanbetelling sizze minsken minder gau ôf

Restaurant Roast yn Ljouwert wurket al mei in oanbetelling.
Eigener Evert-Jan Van den Hoed: "We hebben reserveren met behulp van internet tegenwoordig erg makkelijk en laagdrempelig gemaakt. Dat zorgt er nu ook voor dat mensen makkelijk afzeggen."
Als je op het laatste moment afzegt bij een tandarts krijg je ook een rekening. Of bij een schoonheidsspecialist.
Evert-Jan Van den Hoed
Van den Hoed kin fernimme dat in oanbetelling wurket: "We hadden de aanbetaling laatst even kort uitgezet omdat we met de site bezig waren. In dat weekend hadden we op het laatste moment gelijk acht, negen annuleringen." Dat kostet jild en liedt ek ta ferspilling fan iten.
"Als je op het laatste moment afzegt bij een tandarts krijg je ook een rekening. Of bij een schoonheidsspecialist. Zo vreemd is het dus niet", sa seit Van den Hoed.

Kwestje fan tiid

Syn kollega Geert-Jan Vaartjes mei restaurants yn Wergea en Dokkum tinkt dat it kwestje fan tiid is foardat it hjir oeral gewoan is.
"It giet dan om de saneamde 'fine dining', yn de wat djoerdere restaurants. Sjochtst it oeral op 'e wrâld, yn Amsterdam is it al hiel gewoan."
Kinne restaurants gasten al betelje litte foardat se it iten krigen hawwe?
Net allinnich kwa kosten hat it foardielen, ek om duorsumensredenen. Drijfhout: "Dat iten bliuwt oer. Wy hawwe no in 'no waste-snein' wêryn't wy itensiede mei itensresten fan foarige dagen. Mar dat is net oeral sa en ek wy moatte somtiden wat fuortsmite."
Hy dielde syn dilemma op Facebook en krige in soad reaksjes. Guon begripe de frustraasje en binne flak foar in oanbetelling, oaren fine it dreech.

Gastfrijheid

Van der Meulen fynt sa'n oanbetelling net in gek idee. "Dan snap je als gast hopelijk ook het standpunt van de horecaondernemer wat beter."
Geert-Jan Vaatjes, restaurant Oan Tafel
© Omrop Fryslân
Vaartjes hat der wol in nuver gefoel by: "Je wolle it leaver net, want it fielt 'ongastvrij'." Minsken kinne siik wurde en dan ôfbelje, dat is logysk.
"Mar wy hawwe al ús ynkeap dien en personiel klear stean. Moatte wy dan altyd ús ferlies nimme? Ik tink net dat dat altyd goed is."
"Het is altijd een worsteling, net als het verhogen van je prijzen. Het staat haaks op gastvrijheid, maar het is ook niet gastvrij als je je restaurant uiteindelijk moet sluiten", seit Van der Meulen.

Praktysk

Stel: je beslute in oanbetelling yn te fieren, dan komme der noch wol allegear praktyske fragen achterwei. Hoe heech moat de oanbetelling wêze? En oant wannear kinst dan ôfbelje?
"En als je vader plotseling overlijdt, kan je dan nog wel een halfuur van tevoren afbellen?", freget Van der Meulen him ôf.
Dêrneist moatte je as restaurant wol in systeem hawwe dêr't yn betelle wurde kin. "En dat kostet ek wer jild", seit Drijfhout.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.