Fryske apeskedel fiif jier nei pleatsing op 'Most Wanted'-list fan Interpol noch altyd spoarleas
Hy lei yn in kast dy't net hielendal goed ticht koe en der wie gjinien dy't 'm miste doe't er stellen wie. Dochs helle in skedel fan in orang-oetan presys fiif jier lyn de ynternasjonale 'Most Wanted'-list fan Interpol.
In soad hat dat yn de ôfrûne fiif jier lykwols net opsmiten. "De vermissing is nog altijd niet opgelost", seit Peter Koomen, dy't oant 1 jannewaris de konservator fan it museum wie. "De schedel is waarschijnlijk schoongemaakt en in het zwarte circuit terechtgekomen."
Yndonezië
De skedel fan de orang-oetan kaam in tal jierren foar de stellerij yn de museumkolleksje terjochte by in skinking fan ferskate apeskedels. Dy hearden by in samling fan in partikulier. Nei't dy persoan ferstoarn is, binne de skedels oan it museum skonken.
Dy persoan kaam begjin ferline iuw yn Yndonezië foar syn wurk en hat de skedel as oantinken meinaam. "Wij hebben de schedel toen zo gelaten als dat hij is gekocht", seit Koomen. "Met een touwtje door de oogkas en ontbrekende tanden."
'Geen briljante actie'
As de skedel yntusken skjinmakke is en wer tosken krigen hat, is er noait mear te werkennen as de skedel út it Natuurmuseum, tinkt Koomen.
"Dat is heel lastig. Daarom vond ik het destijds eigenlijk ook geen briljante actie van Interpol", jout Koomen ta. "Maar het is natuurlijk wel goed dat er eens een natuurhistorisch object op die lijst kwam, in plaats van altijd schilderijen bijvoorbeeld."
De pleatsing op de list kaam foar it museum as in folsleine ferrassing. Yn it foar wie der gjin inkelde kear kontakt tusken Interpol en it Natuermuseum.
De skedel waard nei alle gedachten tusken april 2018 en augustus 2019 út it museum weinaam. "We hadden het eerst niet eens door. We tellen niet elke dag onze objecten", seit Koomen.
"De schedel lag in een kast die aan de achterkant niet helemaal goed dichtkon. Die kant was tegen de muur gezet, maar de dief wist het blijkbaar toch", wit Koomen noch.
Wie de dief dan mooglik in bekende? "Dat hoeft niet. Er worden gewoon mensen op bestelling op pad gestuurd. Als je een museumjaarkaart hebt, dan kun je meerdere keren komen kijken. Als het dan rustig is, heb je vrij spel."
Befeiliging opskroefd
De befeiliging yn it museum is yntusken in stik better op oarder. Der is nei de apeskedel nea mear wat stellen. Foar safier't se witte dan...