Omrop Fryslân

Ynbraak Keramiekmuseum Princessehof: fjouwer objekten fuort, sân stikken

It Keramiekmuseum yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
By in ynbraak yn it Keramiekmuseum Princessehof oan de Grote Kerkstraat yn Ljouwert binne kostbere stikken meinommen. Ek binne guon stikken op de flecht nei bûten stikkengongen.
Der binne neffens it museum noch fjouwer stikken fuort. It museum bliuwt de hiele wike ticht yn ferbân mei plysjeûndersyk. It liket derop dat de dieders "specifieke kennis" hienen en wisten wat se ha moasten. It museum lit witte dat dizze ynbraak folget op in eardere net suksesfolle ynbraak op 1 febrewaris.
"Tijdens de vlucht zijn zeven voorwerpen gesneuveld", seit direkteur Kris Callens. Dizze saken binne nei alle gedachten net mear op te knappen.

'Goed verzekerd'

It museum is goed fersekere, seit Callens. "Dat moet ook als je zulke voorwerpen hebt. Die zijn geen eigendom van het museum, maar komen uit private of publieke collecties."
De ynbraak hie plak yn de tentoanstelling Feest! yn it museum. De stikken dy't meinommen binne, meitsje diel út fan in ynstallaasje mei oer de hiele wrâld ferneamd Sineesk keramyk.

Ynbraak fia it dak

It is mooglik dat der fia it dak fan it gebou ynbrutsen is. De plysje kin noch net sizze oft der ien of meardere dieders binne. Der is yn alle gefallen noch gjin spoar fan mooglike dieders. In part fan it guod is mooglik yn de Doelestrjitte weromfûn.
De plysje krige om 04.45 hinne in melding fan de ynbraak. Krekt dêrnei hat de plysje mei in hûn it museum troch west om te sjen oft der noch minsken oanwêzich wiene. Dat wie net it gefal, lit plysjewurdfierder Thijs Damstra witte.

Maatregels oanskerpje

Callens seit dat it sjen litten fan de kolleksje nea sûnder risiko is. "Het museum is een toegankelijke instelling. Geen bunker of kluis. Je maakt daarbij de afweging hoe en wat mensen kunnen zien. We willen dat internationale bruikleen mogelijk blijft in de toekomst. Op die manier houden we de standaard hoog", seit de direkteur, dy't deroan taheakket dat it museum de feilichheidsmaatregels oanskerpe hat.
Neffens in wurdfierder fan it museum is it de earste ynbraak yn it museum yn 105 jier.
De plysje ropt minsken op om har te melden as se wat sjoen hawwe of wat op kamerabylden fêstlein ha. It museum hopet op 21 febrewaris wer iepen te gean.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.