Omrop Fryslân

Wat makket de deade dolfyn fan Harns sa spesjaal? "Zo'n dier zien we één of twee keer per jaar"

Biolooch Lonneke IJsseldijk en seksjesealmeiwurker Darryl Leydekkers by in earder ûndersyk
© Bas Niemans, Universiteit Utrecht
Brúnfisken ûndersykje dogge se alle wiken wol, mar in deade dolfyn is sels foar de Universiteit Utrecht bysûnder. Op dit stuit leit de dolfyn dy't moandei oanspielde tusken Harns en Surch op de snijtafel.
De dolfyn moat yn de rin fan moandeitemoarn oanspield wêze. Doe't it bist ophelle waard, wie dy neffens meiwurkers fan de biste-ambulânse Waadhoeke noch 'farsk'. De fûgels wienen noch net op it deade bist ôfkaam.
Dêrnei is de dolfyn ferfierd nei Utrecht. Op de fakulteit Dierengeneeskunde fan de universiteit ûndersykje se al jierren hast alle brúnfisken en oare walfiskêftigen dy't oanspiele oan de Nederlânske kust.
Zo gewoon is-ie niet.
Lonneke IJsseldijk
"Dat doen we in opdracht van het ministerie van Landbouw, Visserij, Voedselzekerheid en Natuur", fertelt Lonneke IJsseldijk. "Het ministerie wil weten of menselijk handelen de oorzaak is van de stranding."
Wêr't de dolfyn dy't moandei oanspielde oan deagien is, moat noch ûndersocht wurde. IJsseldijk jout wol oan dat it yn de measte gefallen net troch minsklik hanneljen komt. "Bij gewone dolfijnen gaat het vaak om ziektes of vermagering. En heel vaak is er niet een eenduidig antwoord."
De namme 'gewoane dolfyn' fertekenet trouwens wol, seit IJsseldijk. "Zo gewoon is-ie niet."
De deade dolfyn
© Stichting SOS Dolfijn
Want wylst se alle wiken wol in brúnfisk op de snijtafel te lizzen ha, is in deade dolfyn foar de Universiteit Utrecht ek bysûnder. "Gemiddeld zien we zo'n dier één of twee keer per jaar."
Dochs feroaret dat stadichoan wol. "Hij is wat in opkomst. De afgelopen jaren hebben we er vaker aan gewerkt. Afgelopen kerstvakantie hadden we er ook één of twee. Het is een dier dat jaarlijks lijkt terug te komen."
It ûndersyk oan in deade dolfyn begjint mei it sjen nei de bûtenkant fan it bist. "Het is een soort autopsie: we kijken aan de buitenkant of we iets zien, bijvoorbeeld wonden. Daarna werken we langzaam naar binnen toe en behandelen we alle organen."

Snijtafel en mikroskoop

Sa kin neigien wurde oft it bist sûn wie op it stuit dat er deagie. As it bist fermeagere is, kin dat derop wize dat er siik west hat en dêrtroch net genôch iten fange koe. Dat kin in deadsoarsaak wêze. Oan de hân fan de ynhâld fan de maach kin boppedat fêststeld wurde wêr't it bist libbe.
Lytser materiaal wurdt ûnder de mikroskoop lein. In kombinaasje fan ûndersyk op de snijtafel en ûnder de mikroskoop helpt om de deadsoarsaak te achterheljen.
As it ûndersyk klear is - en hooplik de deadsoarsaak fêststeld is - wurdt it bist ferneatige. In ferwurkingsbedriuw hellet it kadaver en restmateriaal op. Dat wurdt dêrnei wer omset yn griene enerzjy en duorsume brânstof.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.