Omrop Fryslân

Dit is wêrom't der no folle mear brúnfisken sjoen wurde by Flylân as in jier lyn

Brúnfisken yn Ecomare
© Sytske Dijksen fan Ecomare op Wikipedia (cc)
By Flylân wurde de lêste tiid in hiel protte brúnfisken sjoen. Dat meldt de stichting SOS Dolfijn.
Yn de earste trije wiken fan oktober waarden 65 waarnimmingen ynfierd yn de databank fan waarneming.nl, wylst dat yn deselde perioade ferline jier 14 wiene.
It tal bisten yn ien waarnimming is ek tanaam.
Dit jier wurde faker groepen bisten sjoen by it eilân. Ferline jier wiene it faker 'losse' yndividuele bisten.

Brúnfisk: gjin fisk en net brún

De brúnfisk is in sûchdier, krekt as de dolfyn. In brúnfisk is ûngefear 1,5 meter lang en wurdt maksimaal 60 kilogram.
It is de meastfoarkommende walfisksoart yn de Noardsee. In brúnfisk hat in stompe snút, in wite búk en in donkergrize rêch.
De namme brúnfisk liket nuver omdat in brúnfisk net brún is en ek gjin fisk. Mar eartiids waard alle dat yn see libbe 'fisk' neamd, en grauwe kleuren wiene al gau 'brún'.
De hjerst en de winter binne standert de bettere perioaden om brúnfisken waar te nimmen by de Nederlânske kust. No foar oktober liket Flylân wol in echte 'hotspot'.

Ferklearring

In mooglike ferklearring foar de sterke taname fan waarnimmingen by Flylân is neffens de stichting dat der yn oktober meardere wykeinen organisearre binne dêr't natuerleafhawwers byinoar kamen om fûgels te spotten.
Sy stiene mei goede fierrekikers te sjen nei bisten. En ja, ast goed sjochst oer see kinst samar in brúnfisk sjen, seit SOS Dolfijn.
In spotter op syk nei in brúnfisk
© Omrop Fryslân, Amber Otter
It is net bekend oft guon fan dizze waarnimmingen oer deselde bisten gean of dat der in soad ferskillende brúnfisken by Flylân delswimme. Om dat goed te bepalen is byldmateriaal nedich, seit SOS Dolfijn.

Kapsels en hierkleur

Walfisken binne as yndividu te ûnderskieden fan inoar op basis fan bygelyks de foarm fan de rêchfin, bepaalde kleuren of patroanen op de hûd of groeden.
"Vergelijk het met de haarkleur van een mens en het kapsel of andere typische uiterlijke kenmerken waardoor we personen van elkaar onderscheiden", seit Annemarie van den Berg fan de stichting.

Foto's

"Door middel van deze zogenoemde foto-identificatie wordt wereldwijd onderzocht of een walvis overeenkomt met eerder gemaakte foto's en kan ontdekt worden waar het dier geweest is."
De stichting SOS Dolfijn ropt minsken op dy't in brúnfisk sjogge om der in foto fan te meitsjen dêr't de rêchfin goed op te sjen is, en dizze te pleatsen op de webside waarneming.nl mei safolle mooglik gegevens oer it tiidstip en de lokaasje fan de foto.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.