Omrop Fryslân

'Silent disco' op de Waadsee: op syk nei de brúnfisk foar ûndersyk

Organisator Casper Meinders mei in replika-brúnfisk
© Omrop Fryslân, Amber Otter
Miskien hiest it net tocht, mar der swimme walfisken yn de Waadsee. Brúnfisken om krekt te wêzen, de lytste toskwalfisk dy't der is. It liket derop dat brúnfisken dêr hieltyd faker foarkomme.
Nei de bisten is mear ûndersyk nedich. Dêrom wurde der no 'waadwalfisk-ekspedysjes' organisearre.
Op de tocht nei it Westgat, tusken It Amelân en Skiermûntseach yn, kinne besikers net allinnich de walfisken spotte, mar ek nei se lústerje:
In 'walfisk-silent disco' op de Waadsee
Gewoanwei kinst it tikjende lûd dat brúnfisken meitsje mei in minske-ear net hearre. Mar mei help fan in hydrofoan (in ûnderwettermikrofoan) kin dat wol.
De lûden wurde opfongen en oerset nei frekwinsjes dy't de minsk wol hearre kin. Dat wurdt dêrnei ôfspile op koptelefoans. in soart 'silent disco' op it Waad dus.

In bytsje gelok

Eltsenien dy't wol, kin de 'waadwalfisk-ekspedysje' boeke, hoechst der gjin brúnfiskekspert foar te wêzen. Mar moatst der wol wat gelok foar hawwe, want brúnfisken binne wat skou.
Organisator Casper Meiners fan de ekskurzje mei in koptelefoan op
© Omrop Fryslân, Amber Otter
Spotst wol in fin boppe it wetter, dan wurdt dat op de ekspedysje allegearre fêstlein, sadat der mear bekend wurdt oer wêr't de brúnfisken yn de Waadsee krekt binne.
Ek mei de lûdsfragminten en oare befinings drage dielnimmers by oan in grutter ûndersyk nei de brúnfisk yn it Waadgebiet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.