Tal brúnfisken dat oanspielt op eilannen nimt ôf

Noch alle dagen spiele deade brúnfisken oan op de Fryske Waadeilannen, mar it binne der net mear safolle as ôfrûne wykein. Woansdei gong it om minder as in hânfol foar elk eilân, meldt SOS Dolfijn.
In deade brúnfisk op it strân fan Skylge © Guus Schweigmann
Krekte oantallen binne der noch net, mar SOS Dolfijn skat dat der de ôfrûne wike tusken de 80 en 100 brúnfisken oanspield binne op de Waadeilannen.
Op Skiermûntseach is woansdei de 25e brúnfisk yn ien wike oanspield. Yn rekôrjier 2011 wienen it 26 yn in hiel jier. It jier dêrnei spielden der 24 oan, dêrnei noait mear as 16.
De oarsaak fan de grutte tallen deade brúnfisken moat noch ûndersocht wurde. "Het is opvallend dat het bijna allemaal volwassen dieren zijn die mogelijk allemaal rond dezelfde tijd zijn overleden", sei Annemarie van den Berg fan SOS Dolfijn earder. "Dat betekent dat ze rond dezelfde tijd zijn overleden op zee en daarna zijn aangespoeld."
In part fan de deade brúnfisken is meinaam troch ûndersikers fan de universiteit fan Utrecht. Foar't it ûndersyk klear is en de krekte oarsaak dúdlik is, kin noch wol in skoftke duorje.