KAART: Sjoch hjir wêr't hjoed mei carbid sketten wurdt
Der wurdt alwer op minder plakken mei karbid sketten as in jier earder. Dit jier wurdt der offisjeel op 261 lokaasjes knald, wylst dat der ferline jier noch 290 wiene.
Noch in jier earder wiene it der sels noch 320. Dat betsjut dat it tal offisjele karbidplakken yn de ôfrûne trije jier hast mei 60 ôfnaam is.
De kaart grutter sjen? Klik dan hjir. Klik op in stip foar de lokaasje.
Om dizze kaart meitsje te kinnen, hat Omrop Fryslân gegevens opfrege by de Fryske gemeenten. De lokaasjes op de kaart binne oanjûn oan de hân fan de oanlevere ynformaasje.
De stippen jouwe de lokaasjes net eksakt oan: faak giet it om in stik greide yn de omkriten fan in stip.
Fansels kin it sa wêze dat der minsken op oare plakken sjitte. Mar dit binne de lokaasjes dy't offisjeel tastimming krigen hawwe fan de gemeente.
Twizelerheide
Krekt as ferline jier bliuwt Twizelerheide it karbidwalhalla fan Fryslân: yn dit doarp wurdt leafst op acht plakken sketten. Dat binne der wer twa mear as ferline jier.
Sumar sit de Twizelerheidsters lykwols efter de sokken: dêr binne sân karbidlokaasjes.
Dêrnei folgje It Hearrenfean (seis lokaasjes) en dêrnei Koatstertille, Surhústerfean en Kollumersweach (fiif lokaasjes).
Minder karbid yn Dantumadiel
Yn Dantumadiel nimt it tal karbidlokaasjes it hurdst ôf. Yn dizze gemeente wurdt dit jier op seis lokaasjes minder sketten as ferline jier. Doe wiene der 21 plakken, no mar 10.
Ek Waadhoeke lit in tebekgong oan karbidknallers sjen: dêr giet it fan 28 nei 22.
In pear gemeenten wat mear
Yn trije gemeenten wurdt just wer wat mear sketten as ferline jier. Noardeast-Fryslân krijt der trije karbidlokaasjes by en Hearrenfean en Tytsjerksteradiel beide ien nije lokaasje.
De gemeente Eaststellingwerf bliuwt wat in frjemde ein yn it bit. Want dêr't yn oare gemeenten in melding of ûntheffing nedich is, bliuwt Eaststellingwerf frij fjild.
Yn prinsipe mei der yn dizze gemeente oeral sketten wurde, salang't it mar op minstens 75 meter ôfstân by huzen wei is en op 300 meter fan gebouwen mei bisten. Fierder mei it allinne tusken 10.00 en 02.00 oere.
Oantal karbidlokaasjes
| Gemeente | 2024 | 2023 | 2022 |
| Achtkarspelen | 36 | 37 | 27 |
| Amelân | 5 | 6 | 6 |
| Dantumadiel | 10 | 21 | 25 |
| De Fryske Marren | 11 | 14 | 15 |
| Eaststellingwerf | Frij fjild | Frij fjild | Frij fjild |
| Flylân | 1 | 1 | 2 |
| Harns | 3 | 4 | Net bekend |
| Hearrenfean | 19 | 18 | 21 |
| Ljouwert | 10 | 10 | 8 |
| Noardeast-Fryslân | 45 | 42 | 54 |
| Opsterlân | 16 | 19 | 20 |
| Skiermûntseach | 0 | 0 | 0 |
| Smellingerlân | 18 | 20 | 29 |
| Skylge | 2 | 3 | 3 |
| Súdwest-Fryslân | 26 | 29 | 29 |
| Tytsjerksteradiel | 29 | 28 | 44 |
| Waadhoeke | 22 | 28 | 31 |
| Weststellingwerf | 8 | 10 | 6 |
Yn alle gemeenten is wer in oar belied oangeande it karbidsjitten. Sa sit der ferskil tusken de maksimale ynhâld fan in molkbus dêr't mei sketten wurde mei. Faak is dit 40 of 50 liter.
Lang knalle yn de Wâlden
Ek de tiden ferskille. Yn it noardeasten fan de provinsje mei it langst mei karbid knald wurde. Yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân is dat tusken 06.00 en 22.00 oere en yn Achtkarspelen tusken 08.00-22.00 oere.
Ta ferliking: yn De Fryske Marren, Waadhoeke, Harns en Flylân mei it sjitten mar tusken 10.00 en 17.00 oere.
Bal of deksel
Yn ferskate gemeenten mei der net mei losse, hurde foarwerpen (dus ek gjin deksels) sketten wurde. Dat jildt foar Opsterlân, Smellingerlân, Skylge en Weststellingwerf.
By guon oare gemeenten ferplichtsje se it net, mar advisearje se allinne om in bal te brûken. Dat is bygelyks yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel it gefal.
Foar fierwei de measte gemeenten jildt dat it knallen op minstens 75 meter fan huzen en 300 meter fan gebouwen mei bisten moat. Yn Weststellingwerf moat it op syn minst 100 meter fan bebouwing ôf.
Op Skylge binne fêste lokaasjes oanwiisd en op Flylân moat it bûten de bebouwde kom. Dêr jildt dat Steatsboskbehear yn hast alle gefallen tastimming jaan moat.