Omrop Fryslân

Kok no alwer de bêste op de 500 meter: "Mar lichem moat wol bot wenne"

Femke Kok is werom op it iis
© ANP
Femke Kok is, twa moannen letter as pland, no ek begûn oan har reedrydseizoen. Benammen op de 500 meter makke de regearjend wrâldkampioene fuort wer yndruk. "Dêr bin ik supertefreden oer."
De Nij Beetse miste de start fan it seizoen omdat se in firusynfeksje hie. Ferline wike ried se pas har earste trainingswedstriid. Dat gie sa goed, dat se mei ferwachtingen oan de start fan it NK sprint yn Thialf kaam.
Dy ferwachtingen makke se wier, want sels mei in mindere start notearre Kok 37,39 op de 500 meter. Dêrmei wie se folle rapper as de konkurrinsje. "Dit wie echt in goede tiid, hjir kin ik fierder mei", seit se.
Nei moannen fan ôfwêzigens hat Femke Kok har rentree makke yn Thialf
Want se sjocht benammen foarút. Dit NK sprint is no ienkear net it belangrykste toernoai fan it jier. Foar Kok is it foaral noflik om te witten dat se al in hiel ein is. "Myn earste wedstriden fan it seizoen binne faak net sa goed, mar dizze kear bin ik tefreden."
Fernimst dat it lichem noch hiel bot wenne moat oan de ynspanning.
Femke Kok
De iepening op de 500 meter wie hjoed minder rap as op dy trainingswedstriid fan ferline wike. Dochs wie har eintiid seis hûndertsten rapper. "It rûntsje wie dus better. Ik wol ek graach in goede iepening, mar ik moast der even yn komme. En dat it gat mei de konkurrinsje dochs grut is, is moai meinaam."
De 1.000 meter kaam wat te rap. "It hert siet noch yn de kiel, doe't ik oan de start kaam. Dan fernimst dat it lichem noch hiel bot wenne moat oan de ynspanning."
Dat kaam net ûnferwachte, want de trainingswedstriid wie har ek net yn de kâlde klean sitten gien. "Ik lei der foarige wike twa dagen ôf. Ik wie stikken fan de prikkels."

NK sprint en allround

De reedriders stride dit wykein om de Nederlânske titels sprint en allround. Dêrneist leit der foar de top trije ek in startbewiis klear foar it Europeesk kampioenskip sprint en allround, dat fan 10 oant en mei 12 jannewaris yn Thialf hâlden wurdt.
It NK allround giet snein om 11.05 oere fierder, it NK sprint om 15.30 oere. It is allegear te folgjen by Omrop Fryslân fia de radio en ynternet.
Dêrom is it no saak om ferstannich te wêzen. It hert seit dat se snein graach fierder wol op it NK sprint, de fraach is oft it ferstân itselde seit. "Ik bin benijd hoe't ik my moarn fiel. Ik moat sowieso nei myn lichem lústerje, want ik wol no net wer trije stappen achterút sette. Ik moat it goed oerlizze mei de stêf."
Al mei al is se tige tefreden oer har earste serieuze dei op it iis. "Ik fiel my wurch, mar wol goed."
Tim Prins hat it poadium dochs yn sicht nei in grutte flater op de 500 meter
Tefredenheid is der net by Tim Prins, ploechgenoat fan Kok by Reggeborgh. Op de 500 meter makket Prins in flater, dy't him in soad tiid kostet. Hy einiget as tolfde en yn it klassemint ferliest er gigantysk op Jenning de Boo, dy't de 500 meter wint.
"Wat der eksakt bart, wit ik net. Ik ha it net werom sjoen, ik tink dat sjoch ik letter wol. Mar neffens my komt de reed ûnder my en dan meitsje ik in hiel grutte flater", giet Prins werom nei it momint op de 500 meter.
It (hast) fatale momint foar Tim Prins op de 500 meter
© Orange Pictures
De konsekwinsje dêrfan is dat er oerein komme moast. "Dan rint de snelheid derút en sit de skrik deryn. Dêrnei hie ik noch mear flaterkes. Echt hiel skande."
Prins set it rjocht mei in izersterke 1.000 meter, wêryn't er 1.07,56 rydt. Dat is syn op-ien-nei fluchste tiid ea yn Thialf en dat wylst de omstannichheden net top lykje te wêzen. "Ik wie lilk en teloarsteld nei myn 500 meter. Dat moast brûke yn dyn rit op de 1.000 meter."
"Ast tefolle agresje meinimst, makkest deselde flaters as op de 500 meter. Mar ik bin hiel bliid en grutsk dat ik it yn positive sin benutte ha."
Moarn moat ik gewoan hiel clean ride en dan bin ik wis dat it hiel hurd gean kin.
Tim Prins
Mei dy flugge 1.000 meter wint Prins safolle tiid werom, dat it poadium wer lonkt. En dat is wer goed nijs mei it each op it EK sprint, want de earste trije fan dit NK pleatse harren foar it EK.
Utsprekke dat Prins op it poadium einiget as er docht wat er kin, wol er net. Mar: "Moarn moat ik gewoan hiel clean ride en dan bin ik wis dat it hiel hurd gean kin."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.