Liveblog
|
29 desimber 2024
Sulver foar Schulting en brûns foar Prins op NK sprint
Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 29 desimber 2024, 17:39
snein 29 desimber 2024
17:39
Prins toant fearkrêft en wurdt tredde op NK sprint
Tim Prins hat in brûnzen medalje helle op it NK sprint. De Jouster moast op de lêste 1.000 meter hast in sekonde goed meitsje op nûmer Merijn Scheperkamp, mar dat slagge him net. Sterker noch: Scheperkamp wie krekt wat flugger as Prins.
De titel giet mei oermacht nei Jenning de Boo. De Grinslanner wûn earder al de beide 500 meters en wûn ek de 1.000 meter snein.
Prins moast eins it hiele wykein yn de efterfolging, om't er sneon op de 500 meter in flater makke dy't him in soad tiid koste. Dat makke de reedrider fan Team Reggeborgh goed mei in goeie 1.000 meter op sneon, wêrtroch't er it poadium wer yn it fizier krige. Op de 500 meter snein klom er fan fjouwer nei trije yn it klassemint en dat plak behâldt er nei de lêste 1.000 meter.
Dêrmei is Prins wis fan in startbewiis op it EK sprint oer twa wiken. Hy sil Nederlân dêr fertsjintwurdigje mei De Boo en Scheperkamp.
Einklassemint NK sprint manlju
| 1. Jenning de Boo | |
| 2. Merijn Scheperkamp | +2,43 |
| 3. Tim Prins | +3,44 |
| 14. Rem de Hair | +11,08 |
16:46
Leerdam Nederlânsk kampioen, Schulting pakt sulver
Jutta Leerdam is Nederlânsk kampioen sprint wurden. Op It Hearrenfean pakte se de winst foar nûmer twa Suzanne Schulting. Chloé Hoogendoorn waard tredde, krekt foar Marrit Fledderus.
It is foar Schulting har bêste resultaat ea op it NK sprint. Yn 2021 waard se tredde, fierder stie se noch noait op it poadium. Fledderus stie de ôfrûne trije jier wol op it poadium (twa kear sulver, ien kear brûns), mar falt dêr no krekt njonken.
Foar Fledderus waard it yn de lêste rit fan de 1.000 meter noch spannend. Se ferbettere har mei 1.15,40 flink yn fergelyk mei de 1.000 meter op sneon, doe't se 1.17,00 ried. Spitigernôch foar Fledderus wie ek Hoogendoorn goed op dy ôfstân. De rydster fan Team Essent soarge der mei in persoanlik rekôr (1.15,26) foar dat Fledderus fjirde waard op it NK sprint.
Femke Kok die sneon wol mei, mar melde har snein ôf. Se ried dit seizoen noch gjin wedstriid, omdat se lêst hie fan it cmv-firus. Ek Amber Duizendstraal melde har ôf foar de lêste ôfstân.
Einklassemint NK sprint froulju
| 1. Jutta Leerdam | |
| 2. Suzanne Schulting | +3,63 |
| 3. Chlóe Hoogendoorn | +4,75 |
| 4. Marrit Fledderus | +5,17 |
| 7. Myrthe de Boer | +11,36 |
| 12. Henny de Vries | +19,97 |
| 14. Amy van der Meer | +23,18 |
16:00
Tim Prins klimt nei tredde plak op NK sprint
Tim Prins is der troch in goeie 500 meter yn slagge om op te klimmen nei it tredde plak yn it klassemint fan it NK sprint.
Prins ried sneon in minne 500 meter (35,32) mei in soad flaters en moast dêrom yn de efterfolging yn it klassemint. Hjoed hie er yn de lêste bocht in flinke misser, mar hy behold genôch snelheid om ûnder de 35 sekonden te bliuwen. En boppedat bleau er konkurrint Joep Wennemars foar.
Jenning de Boo wûn de 500 meter opnij en bliuwt dik oan kop fan it klassemint. De earste trije pleatse harren foar it EK sprint heal jannewaris.
Rem de Hair ried mei 35,25 in nij persoanlik rekôr op de 500 meter. Dêrmei waard hy tsiende. Yn it klassemint stiet de Jouster tolfde.
Klassemint NK sprint nei 3 ôfstannen
| Ferskil foar 1.000 meter | |
| 1. Jenning de Boo | |
| 2. Merijn Scheperkamp | +1,87 |
| 3. Tim Prins | +2,80 |
| 4. Joep Wennemars | +2,87 |
| 12. Rem de Hair | +7,62 |
15:49
Schulting twadde op 500 meter
Suzanne Schulting is twadde wurden op de twadde 500 meter fan it NK sprint. Se ried tsjin Jutta Leerdam, dy't mei 37,61 justjes flugger wie. Dêrtroch wurdt it gat foar de lêste 1.000 meter noch krekt wat grutter, nammentlik 2,09 sekonde. Yn de wittenskip dat de 1.000 meter Leerdam har bêste ôfstân is, liket it derop dat Schulting genôch nimme moat mei it twadde plak.
Foar de lêste ôfstân hat Schulting in foarsprong op nûmer trije Chloé Hoogendoorn fan twa sekonden. Ek Marrit Fledderus makket noch kâns op in poadiumplak: se moat hast trije tsienden goed meitsje op Hoogendoorn en hast ien tsiende op Dione Voskamp.
Klassemint NK sprint nei trije fan de fjouwer ôfstannen
| Ferskil foar 1.000 meter | |
| 1. Jutta Leerdam | |
| 2. Suzanne Schulting | +2,09 |
| 3. Chloé Hoogendoorn | +4,09 |
| 4. Dione Voskamp | +4.29 |
| 5. Marrit Fledderus | +4,37 |
15:21
Bentveld tolfde yn Frankryk
Fjildrydster Leonie Bentveld is by de wrâldbekerwedstriid yn Besançon (Frankryk) tolfde wurden. Dat is itselde resultaat as by de foarige wrâldbekerwedstriid, op twadde krystdei.
De 20-jierrige Burgumse einige op 3.06 fan winneres Fem van Empel. Yn it wrâldbekerklassemint stiet Bentveld achtste.
15:05
Snellink Nederlânsk kampioen, Talsma bêste Fries
Beau Snellink is Nederlânsk kampioen allround wurden. Yn in spannende lêste rit wie Snellink yn in fûle striid mei Chris Huizinga. Snellink hie goed 9 sekonden foarsprong op Huizinga. Healweis de 10 kilometer hie Huizinga dat ferskil goedmakke, mar Snellink koe fersnelle en einige úteinlik mar 3 sekonden efter Huizinga. Dat wie genôch foar de titel.
Marcel Bosker waard tredde en mei ek nei it EK allround, krekt as Snellink en Huizinga.
Bêste Fries yn it einklassemint wie Marwin Talsma. Hy waard fiifde op de tsien kilometer en einige yn it einklassemint as sânde.
Jur Veenje mocht troch de ôfsizzing fan Patrick Roest ek noch meidwaan oan de tsien kilometer. Hy waard achtste en lêste op de 10 kilometer en achtste yn it einklassemint. Hy ried op de 10 kilometer wol in nij persoanlik rekôr. Veenje wie 23 sekonden rapper as syn eardere bêste tiid.
Einklassemint NK allround manlju
| 1. Beau Snellink | |
| 2. Chris Huizinga | +6,50 |
| 3. Marcel Bosker | +44,88 |
| 7. Marwin Talsma | +1.35,40 |
| 8. Jur Veenje | +2.01,76 |