Omrop Fryslân

Mear as hûndert frachtweinen troch Strobos om Appie (11) de lêste eare te bewizen

De optocht fan frachtweinen foar Appie
© NoorderNieuws
Mei in parade fan tsientallen frachtweinen is der ôfskied naam fan de 11-jierrige Appie Bijlsma út Strobos. "Ik wit seker dat hy meisjocht fan boppe", fertelt Erwin van Nieff, in buorjonge en freon fan de famylje.
Appie ferstoar dizze wike oan in epileptyske oanfal. Hy wie sljocht fan frachtweinen en woe letter frachtweinsjauffeur wurde.
Syn leafde foar trucks brocht âlden Heyco en Trientje Bijlsma derta om in oprop te pleatsen foar in bysûnder earbetoan: frachtweinsjauffeurs koenen harren opjaan foar in parade op de dei fan de útfeart. Mear as 150 weinen dienen úteinlik mei.
Frachtweinen bewize Appie de lêste eare
Van Nieff en syn freondinne Binnita Poelman soargen derfoar dat alles ferkearstechnysk yn goede banen laat waard. "Ik snap no wêrom't Appie sjauffeur wurde woe", fertelt sy.
"De mienskip fan truckers is fantastysk. Dat is echt hiel moai om te sjen. Hertferwaarmjend."
De optocht fan frachtweinen foar Appie
© NoorderNieuws
De tocht begûn sneontemoarn om 9.00 oere yn Strobos. Op it krúspunt yn it doarp, it plak dêr't Appie sa graach wie, stienen tsientallen doarpsgenoaten mei fakkels om him sa de lêste eare te besoargjen. De tocht gie dêrnei nei Drachten, dêr't it brânwachtkorps meardere weinen bûten set hie.
Nei Drachten rieden de frachtweinen nei De Harkema. Ek dêr stienen tsientallen minsken by de kant fan de dyk del. "Ik krij hjir pikefel fan", seit ien fan harren. "Minsken lâns de kant stienen allegear mei de triennen yn de eagen", fertelt in sjauffeur.
De optocht fan frachtweinen foar Appie
© NoorderNieuws
De tocht einige by de tsjerke fan Gerkeskleaster-Strobos dêr't de útfearttsjinst holden waard. Alle frachtweinen toeteren dêr noch ien kear sa hurd as mooglik foar Appie.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.