Omrop Fryslân

Meardere minsken ferwûne by slim ûngelok op A7 by Snits

De A7 wie folslein ticht
© NoorderNieuws
By in slim ûngelok op de A7 by Snits, op de hichte fan Tsjalhuzum binne meardere minsken ferwûne rekke. Seis persoanen binne oerbrocht nei it sikehûs. Dêrby sitte fjouwer minderjierrigen
In auto is troch ûnbekende oarsaak tsjin in frachtauto oanriden. De skea wie grut. Alle minsken dy't oerbrocht waarden nei it sikehûs, sieten yn de auto. "Ze zijn allemaal meegenomen omdat het letsel niet direct duidelijk was", fertelt in wurdfierder fan de plysje.
De auto rekke bot skansearre en is troch in berger fuortsleept.
Ungelok op A7 by Snits
De sjauffeur fan de frachtwein soe net ferwûne rekke wêze. Der is mei de bestjoerder fan de frachtwein praat op it plysjeburo.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De dyk hat snein oan it ein fan de jûn in skoft ticht west troch it ûngelok.
Mear 112-nijs fynst yn ús liveblog:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.