Liveblog
|
8 desimber 2024
Man út Achtkarspelen (39) oanhâlden foar sjitynsidint Arnhem
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 8 desimber 2024, 23:00
23:00
Sneldyk by Snits wer iepen foar ferkear
De A7 by Snits wer iepen foar it ferkear.
22:21
Fiif minsken ferwûne by ûngelok op A7
Ungelok op A7 by Snits
Der binne fiif minsken ferwûne rekke by it ûngelok op de A7. Dat seit in fotograaf dy't der by is. Der soene ek bern by it ûngelok belutsen wêze.
In auto is troch ûnbekende oarsaak tsjin in frachtauto oanriden. De skea wie grut. Yn alle gefallen fiif minsken binne mei ambulânses nei it sikehûs brocht. De sjauffeur fan de frachtwein soe net ferwûne rekke wêze.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. It is noch net dúdlik hoe lang't de dyk ticht bliuwt.
21:26
A7 ticht tusken Boalsert en Snits nei ûngelok
De A7 is ticht foar ferkear fan Boalsert nei Snits, nei in ûngelok by Folsgeare. Dat meldt Rykswettersteat.
Meardere helpferlieners binne oproppen om te assistearjen by it ûngelok. It giet ûnder oare om de brânwacht fanút De Jouwer en Parregea.
12:59
Man út Achtkarspelen (39) oanhâlden foar sjitynsidint Arnhem
In 39-jierrige man út Achtkarspelen is fan 'e moarn oanhâlden foar belutsenheid by in sjitynsidint yn Arnhem. Dat meldt Omroep Gelderland. By dat ynsidint yn it útgeanssintrum fan de stêd rekke fan 'e moarn betiid ien persoan ferwûne.
De man út Achtkarspelen, en in 24-jierrige man sûnder fêst wen- en ferbliuwplak, sitte fêst. Yn Arnhem wurdt spoareûndersyk dien en wurde kamerabylden besjoen.
10:06
Fertochte (45) oppakt foar stekynsidint yn Ljouwert
De plysje hat justerjûn in 45-jierrige man oppakt foar mooglike belutsenheid by it stekynsidint yn Ljouwert. Dat fûn juster oan it begjin fan de jûn plak oan de Doniastrjitte yn de stêd.
De man, sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, sit fêst en wurdt heard troch de plysje. In 55-jierrige man út Ljouwert rekke ferwûne by it ynsidint.
09:46
Fryske brêgen wurde wer betsjinne
De provinsjale brêgen yn Fryslân wurde wer folslein betsjinne. Fanwegen de stoarm en de hurde wyn wie dat in skoftke net it gefal. Sûnt fan 'e moarn binne de beheinings opheft.