Opliedings by hegeskoalle NHL Stenden yn gefaar, as kabinet besunigingsplannen trochset
De foarnommen besunigings op it heger ûnderwiis sille min útpakke en moatte fan tafel. Dat fynt hegeskoalle NHL Stenden. As de plannen fan it kabinet trochgean, is der kâns dat opliedings yn Ljouwert ferdwine.
"Het kabinet is bezig om echt de allergrootste bezuiniging ooit op het hoger onderwijs door te voeren", seit Marc Otto fan it kolleezje fan bestjoer. "Het gaat om meer dan een miljard euro wat men minder aan de universiteiten en de hogescholen wil geven."
Tûzenen minsken út it ûnderwiisfjild fierden moandeitemiddei aksje yn Den Haag tsjin de plannen fan it kabinet. Studinten, dosinten en fakbûnen sammelen har op it Malieveld en sprutsen har út tsjin de besunigings.
Protest tsjin besunigings yn it heger ûnderwiis
It kabinet wol bygelyks ûndersyksbeurzen skrasse, in langstudearboete ynfiere en it tal ynternasjonale studinten omleech bringe.
"Wij zijn echt faliekant tegen deze plannen en doen er alles aan om te voorkomen dat dit doorgaat", seit bestjoerder Otto. "Maar we houden wel met alle scenario's rekening, dat is ook wat we moeten doen."
Studinten
In protte studinten yn de aula fan de hegeskoalle witte net in soad fan it protest fan moandei en de kabinetsplannen. Oaren ha wol soargen, bygelyks guon ynternasjonale studinten, dêr't Ljouwert der in protte fan hat.
"Sy triuwe ús werom en foarkomme dat wy ús lannen helpe kinne", fertelt Diona. Sy komt út it Karibysk gebiet en sit yn har earste jier oan NHL Stenden. "It is bêst wol hertferskuorrend dat wy ús hjir aanst net mear wolkom fiele."
De 22-jierrige Eva, dy't kommunikaasje studearret, kin har lessen sûnder ynternasjonale studinten net foarstelle. "Ik zou het best wel saai vinden als er alleen maar Nederlandse mensen in de klas zouden zitten. Het is juist leuk dat er diversiteit is qua culturen en talen."
Op dit stuit komt sa'n tolve persint fan de studinten oan NHL Stenden út it bûtenlân. Neffens Marc Otto binne sy tige wichtich en kin Noard-Nederlân ek beslist net sûnder ynternasjonale studinten.
"Tekorten op de arbeidsmarkt"
"Als je kijkt naar de grote tekorten op de arbeidsmarkt in de komende jaren, hebben we deze jongens en meiden hartstikke hard nodig om alle banen en vacatures in te vullen."
De Twadde Keamer praat kommende tongersdei oer de ûnderwiisbegrutting. As de besunigings echt trochfierd wurde, kin dat in soad konsekwinsjes hawwe, bygelyks foar guon opliedingen yn Ljouwert.
"Het kan absoluut betekenen dat we met sommige opleidingen moeten stoppen", seit Otto mei klam. Dat soe dan ek gefolgen ha foar it personiel fan de hegeskoalle.
"Het budget voor onderzoek dat wij hier doen, wordt minder. En het grote zwaard van de langstudeerboete hangt de studenten straks boven het hoofd. Dat moeten we met zijn allen niet willen."
Iepen brief
It Netwerk Kennissteden Nederland (NKN) hat moandei ek syn soarch útsprutsen oer de besunigings op it heger ûnderwiis. De iepen brief is ek ûndertekene troch de gemeente Ljouwert.
"We merken dat dit verregaande gevolgen zou hebben voor Leeuwarden en voor de studenten", neffens wethâlder Abel Reitsma. Yn de brief wurdt wiisd op de minne gefolgen foar de ynnovaasjekrêft, it fertsjinfermogen fan Nederlân en de fitaliteit fan de kennisstêden.