Reaksjes op kabinetsplannen: Ljouwerter hegeskoalle kritysk en sikehûsfúzje net fan tafel
Ut ferskate hoeken fan Fryslân komme reaksjes op de plannen fan it nije kabinet en op de Miljoenenota, dy't tiisdei op Prinsjesdei presintearre is.
Hegeskoalle NHL Stenden is net wiis mei de ûnderwiisbesunigingen fan it kabinet. Ut de finansjele plannen docht bliken dat der flink minder jild útjaan wurdt oan ûndersyk en ynternasjonale studinten.
Neffens it bestjoer fan de hegeskoalle komme dy beslissingen as in boemerang wer werom. "Het hoger onderwijs is de plek voor vernieuwing, daar waar wetenschappelijk onderzoek wordt omgezet in innovatie", seit Erica Schaper, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer.
"Als je dan gaat bezuinigen op onderwijs en onderzoek, gaat dat ook ten koste van goed opgeleide professionals en innovaties in de praktijk."
We hebben die internationale stroom juist hard nodig.
By de oplieding Leisure en Eventmanagement stroffelje se flink oer de besunigingen op internationals. Neffens teamlieder fan de oplieding Ilse Hooiveld binne ynternasjonale studinten just wichtich.
"We hebben die internationale stroom juist hard nodig. Door studenten, ook uit het buitenland, hier op te leiden, houden we de boel levendig en veerkrachtig."
"Gebrûkers fan de leisure- en eventsektor binne ek faak ynternasjonaal", leit dosint Marijke Hoekstra út. "Dan is it hiel moai ast dy ynterkulturele feardichheden al hast om dêr mei om te gean."
Studinten helpe ek by ferskate lokaasjes yn Fryslân om dy op te knappen. "Dat bart no bygelyks yn Middelsé. Dêrnjonken wurkje ús studinten mei bygelyks Cambuur Verbindt en it HELLO-festival yn Emmen."
Hurd nedich
Op de stúdzje sitte ûngefear krekt safolle ynternasjonale studinten as Nederlânske studinten. Neffens har binne dy studinten ek hurd nedich, omdat der in soad tekoarten binne yn de event- en leisuresektor.
"Een deel ervan komt ook hier aan het werk", fertelt Hooiveld. "Bij de MKB-bedrijven, bij de kleine campings en in de recreatie."
De Portugeeske studint Antonio Pinto fernimt dat ek. "Wy besykje sa út en troch Fryske bedriuwen. Sy binne altyd nijsgjirrich nei ynternasjonale wurknimmers. Dy sjogge krekt wer oars nei saken. It helpt dy bedriuwen om oare ynfloeden te hawwen."
Deputearre Friso Douwstra rôp woansdei op om net te koartsjen op ynternasjonale studinten yn it Noarden en Easten. Hooiveld is it dêrmei iens.
"Niet heel Nederland werkt het hetzelfde. Studenten hebben hier minder problemen met woningen zoeken en er zijn genoeg faciliteiten. In Noord-Nederland is er in alle sectoren een tekort, daar kunnen wij aan bedienen."
Streeksikehuzen iepenhâlde
It nije kabinet hat litte witten dat it streeksikehuzen graach iepenhâlde wol. Op it stuit wurdt der yn Fryslân wurke oan it opgean fan it Antonius yn Snits en Tjongerschans op It Hearrenfean yn in nij sikehûs op De Jouwer. Dy plannen binne neffens de sikehuzen needsaaklik foar it leverjen fan goede soarch.
Tjeerd Rijpma is út namme fan sikehûs Tjongerschans belutsen by it fúzjeprojekt. Hy tink net dat it nije kabinet de plannen foar de fuotten rinne sil: "Neffens my ha wy beiden itselde doel. De streeksikehuzen behâlde, wolle we ek hjir yn Fryslân."
As we dat net dogge, dan bin ik bang dat der mear sikehuzen ferdwine.
Dochs feroaret de ekstra oandacht foar streeksikehuzen de situaasje foarearst net. Want it iepenhâlden fan beide sikehuzen is neffens him net de oplossing.
"We moatte yn Fryslân fan fjouwer nei trije lokaasjes gean, om de soarch tichteby de minsken te hâlden. As we dat net dogge, dan bin ik bang dat der mear sikehuzen ferdwine as wannear't we no ynsette op it behâld fan dizze fjouwer lokaasjes."
Ek it ekstra bûsjild dat de sikehuzen mooglik krije kinne, docht gjin fertuten, seit Rijpma. "Litte we earlik wêze, ekstra sinten kinne we goed brûke. Mar de plannen binne ynjûn troch personielskrapte, net troch jildkrapte."
Hy wol graach mei it regear yn petear: "Om út te lizzen wêrom't wy dizze plannen hawwe. Ik bin net per se tsjin de plannen, mar we moatte echt fan fjouwer nei trije om it folhâlde te kinnen."