Soad besikers yn Natuurmuseum, bern leare boartsjendewei: "Best cool"
It is dizze wiken drok yn Natuurmuseum Fryslân. Foar bern fan 4 oant en mei 12 jier is dêr de aktiviteit 'klimaatklooien'. Hjirby leare se hoe't de natuer har oanpast oan klimaatferoaring.
Se krije in koark, dy't 'Klooi' hyt. Dy kin dan oanklaaid wurde kin mei bygelyks grutte earen, krekt as in hazze om de waarmte kwyt te reitsjen, of mei wjukken. Yn de natuer binne in soad saken dy't de minsk neidien hat.
Drokte yn Natuurmuseum mei 'klimaatklooien'
Sa komt Levi derachter dat de propeller fan in helikopter liket op it sied fan de eskdoarn. Of dat in knyptange liket op de skjirre fan in krab. "Ik vind het best wel cool dat je in de natuur allemaal dingen kunt vinden die wij ook gebruiken."
Elts bern kin syn Klooi oanpasse, neidat se ynspiraasje opdien hawwe yn ien fan de fjouwer klimaatkassen mei tema's: fjoer, wetter, lucht en ierde. By fjoer giet it om waarmte. Der wurdt wakker knipt en plakt oan de koark.
"Hjir sjogge we nei bisten, hoe't dy omgean mei waarmte", fertelt edukatyf meiwurker Marten Odinga. "Sa lit in hazze syn waarmte frij troch syn earen. Bern kinne sjen nei hoe't se harren Klooi oanpasse oan de waarmte."
Twan hat in fleanend objekt útknipt dat er teste lit yn in soarte fan fertikale wyntunnel. "Als-ie heel hoog gaat, dan is het goed en dat ging best wel goed."
Dit hat plak by de klimaatkas 'lucht'. "It waar wurdt hieltyd ritiger", leit Odinga út. "En hoe giet Klooi om mei de hurde wyn? Dan komme je al gau by it sweven. Se meitsje hjir har eigen swever foar Klooi, sadat dy omgean kin mei hurde wyn."
It ferskynsel fan biomimicry is it tema. Dêrby giet it om ûntwerpmetoades dy't út de natuer komme en minsklike oplossingen binne foar fan alles.
Biomimicry is te dreech foar de doelgroep. "We wolle sjen litte dat je wat dwaan kinne om mei it feroarjende klimaat om te gean", fertelt Odinga. "We wolle net mei it fingerke wize en de bern of de âlders de les leare. We wolle it foaral in bytsje luchtich hâlde."
Op klimaatklooien komme in soad minsken ôf, seit haad kommersjele saken, Glynis van Leijen. "Vanuit het hele land. Vorige week vanuit het zuiden waar ze vakantie hadden. Ook hadden we Belgische en Duitse gasten. Deze week is het voor de rest van Nederland."
Op moandei wienen der mear as fiifhûndert besikers, wat folle drokker is as oars op dy dei. It museum ferwachtet dizze wike de 60.000e besiker fan dit jier.