Man út Gytsjerk sjit man út Menaam mei luchtbuks yn achterholle, justysje easket fjouwer jier sel
It Iepenbier Ministearje hat fjouwer jier sel easke tsjin in man (26) út Gytsjerk foar in besykjen ta moard. In jier fan de straf is ûnder betingst.
De man wurdt fertocht fan besykjen ta moard op 26 maart 2024, yn Menaam. Neffens it IM hat er moedwillich in oare man yn 'e achterholle sketten mei in luchtbuks. Syn motyf soe wêze dat er fereale wie op de freondinne fan it slachtoffer.
It slachtoffer wie in 26-jierrige ynwenner fan Menaam. Dy rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht.
"Forse psychische beperkingen"
Psychologysk ûndersyk hat sjen litten dat de fertochte yn mindere mate ferantwurdlik holden wurde kin. Dat hat te krijen mei "forse psychische beperkingen".
De rjochtbank yn Ljouwert docht oer twa wiken útspraak.
Mear 112-nijs fynst yn ús liveblog: