HEA! In moai en ryk libben
HEA! Boppe de bank: Australyske skilderijen
By Hans Valkenburg fan Haulerwyk hingje twa bysûndere Australyske aboriginalskilderijen boppe de bank, as oantinken oan in reis. Op dyselde bank lizze in bulte knuffels, foar alle neefkes en nichtsjes dy't faak delkomme. Want sels ha Hans en syn frou gjin bern en dat wie in bewuste kar.
Hans hat yn de ferpleging wurke en hy woe ek graach yn de tropen yn de soarch oan it wurk. Hy hat in reis makke troch Kenia by de Nyl del. Dêr hat er malaria oprûn en wurkje yn de tropen siet der net mear yn. Mar Hans fynt dat hy in moai en ryk libben hat.