Konseptbrief Definsje pleatst diskusje oer flechtlinge-opfang by fleanbasis yn nij ljocht
In flechtelingenopfang neist de fleanbasis is prima, mar fan permaninte bewenning mei de kommende 30 jier gjin sprake wêze. No blykt dat Definsje dat al yn augustus oan de gemeente Ljouwert witte litten hat.
It stiet yn in konseptbrief fan Definsje oan de gemeente Ljouwert, dy't yn hannen is fan Omrop Fryslân. Yn de brief wurdt helder útlein wat it kabinetsstânpunt is oer de komst fan de opfang.
Dy moat tydlik wêze en der mei net permanint wenne wurde.
Diskusje
Oer de konseptbrief is diskusje untstien tusken de gemeente Ljouwert en de twa belutsen ministearjes: it ministearje fan Definsje en it ministearje fan Asiel en Migraasje.
Nei ûntfangst fan it konsept hat Ljouwert de ryksoerheid witte litten dat de gemeente net siet te wachtsjen op in offisjele brief.
De gemeente fûn yn de brief gjin antwurd op de stelde fraach oer de flechtlingenopfang. Definsje hat dêrop besletten gjin offisjele brief te stjoeren.
By de ministearjes binne se lykwols fan miening dat mei de konseptbrief genoch dúdlik makke is wat har stânpunt is. De ynhâld wie ûnderling ôfstimd.
Koartsein: Neffens de ministearjes wist de gemeente Ljouwert dat Definsje net akkoart giet mei permaninte bewenning njonken de fleanbasis.
It COA
Begjin oktober makke it COA bekend dat der oerienstemming wie mei de eigener fan de grûn, projektûntwikkelder Zwanenburg. It COA wol dêr 15 jier lang flechtlingen opfange.
Definsje is net bliid mei de opfang. Steatssekretaris Gijs Tuinman hat juristen dernei sjen litten. Neffens him is 15 jier hast itselde as permaninte bewenning. "Het is voor Defensie altijd klip en klaar geweest dat permanente bewoning hier niet past", seit er.
Dat wie ek it boadskip yn de konseptbrief oan de gemeente Ljouwert: maksimaal 10 jier opfang. Dêrneist wie der ek noch de eask om dêr de kommende 30 jier net beheind te wurden yn aktiviteiten op de fleanbasis.
Misferstân
Definsje freget de gemeente it beslút oan te passen, oars kinne se net akkoart gean. Definsje stelt dat de relaasje mei de gemeente Ljouwert goed is. Neffens harren is sprake fan in misferstân dat maklik oplost wurde kin.
De bal leit no by de gemeente Ljouwert. Woansdei waard der al oer praat yn in spoeddebat. Dy fergadering wurdt kommende woansdeitejûn ôfmakke.