Omrop Fryslân

Ried Ljouwert bliuwt sitten mei fragen oer flechtlinge-opfang: spoeddebat al gau skorst

De beëage lokaasje foar in nij opfangsintrum yn Ljouwert
© Omrop Fryslân
"Wij willen als raad een goed debat, geen spoeddebat." Dat goede debat ûntbruts, want it spoeddebat yn de ried fan Ljouwert oer de komst fan in flechtlingenopfang waard nei de earste termyn al skorst: te min tiid.
It draait allegear om de komst fan in ROL, in Regionale Opvang Locatie, yn de lokaasje fan it eardere túnsintrum Tuin! njonken de Troelstrawei yn Ljouwert. It Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) wol dêr 450 flechtlingen opfange.
De lokaasje is kontroversjeel: it túnsintrum sit deun njonken de fleanbasis fan Ljouwert. Definsje sei earder gjin beswier te hawwen tsjin de komst, mar kaam foar de simmer werom op dy útspraak. Sy wolle net dat der njonken de tydlike opfang ek huzen komme dêr't permanint wenne wurdt.
It eardere Tuin! oan de Kamperweg yn Ljouwert
© Omrop Fryslân
De ried sit mei in soad fragen en freget opheldering. "Hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders de rezjy noch wol?", freget fraksjefoarsitter Jan-Willem Tuininga fan de FNP him ôf. Hy krijt dêrby stipe fan hast alle oare fraksjefoarsitters.
Fragen binne der ek by ChristenUnie-fraksjefoarsitter Carlijn Niesink: "Hoe krijgen wij als gemeente weer de regie?"

Betizing op betizing

Der binne in oantal saken dy't foar betizing soargje.
Oan de iene kant giet it om it ferhaal dat Omrop Fryslân earder brocht oer de mooglikheden dy't definsje sjocht om it terrein op te keapjen en dêr mei it COA sels opfang te realisearjen.
Mar betizing is der ek by de ried oer it stânpunt fan it kolleezje.
Sa stjoerde boargemaster Buma fan it simmer, doe't Definsje ynienen beswieren hie tsjin de opfang, noch in brief op poaten nei it ministearje fan Definsje en it ministearje fan Asyl en Ymmigraasje. Hy woe fan de twa ministearjes in ienriedich stânpunt oer de komst fan in opfang.

COA: fyftjin jier opfang

Wat it kolleezje oanbelanget, is in brief fan it COA antwurd op dy fraach. It COA skriuwt yn dy nije brief dat it fyftjin jier lang flechtlingen opfange wol yn it eardere túnsintrum.
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert
© ANP
Opposysjepartijen binne ferbjustere dat it kolleezje no de brief fan it COA beskôget as helder antwurd op de fragen oan de ministearjes. It COA is ommers net itselde as de ministearjes.
De ried wol de rezjy werom yn it dossier. Der moat dúdlikens komme oer hoe't de beide ministearjes tinke oer de ROL, seit VVD-fraksjefoarsitter Marcel Visser. "Dan kun pas een besluit nemen."
Julie Bruijnincx fan D66 fynt it raar dat it COA it yn de brief hat oer in opfang foar fyftjin jier. "Eerst was het vijf jaar, evaluatie en dan nog vijf jaar. Maar nu is vijf plus vijf plotseling vijftien."
Dat is, fynt ek Otto van der Galiën fan Lijst 058, net út te lizzen oan de omwenners fan it terrein.

Finansjele claim?

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders kaam dêrnei mei in oanfoljende brief nei de ried. Ek dy brief soarge foar betizing by guon fraksjes. Yn de brief wurdt steld dat projektûntwikkelder Zwanenburg mei in finansjele claim komt as der net gau in beslút falt.

Antwurden komme letter

Wat foarearst bliuwt, is in rop om ynformaasje. Dy komt lykwols noch net, want it spoeddebat rûn yn de earste termyn al sa bot út dat besletten waard om it dêrnei te skorsen.
It kolleezje hat noch de tiid om him goed ta te rieden op it beäntwurdzjen fan alle fragen. Wannear't dat bart, is noch net dúdlik.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.