Omrop Fryslân

Definsje oerwaget oanskaf terrein by fleanbasis Ljouwert foar opfang asylsikers

Eardere fêstiging Tuin! oan de Troelstraweg yn Ljouwert
© Google Street View
Definsje sjocht mooglikheden it terrein njonken de fleanbasis fan Ljouwert te keapjen en sels yn te rjochtsjen foar de opfang fan flechtlingen. Dat soe in oplossing wêze om dêr dochs asylsikers op te fangen.
It COA wol op it terrein fan it eardere Tuin! oan de Troelstraweg njonken de fleanbasis in opfanglokaasje realisearje foar 450 asylsikers. De gemeenteried stimde dêr mei yn.
It like earst dat definsje gjin beswier hie tsjin de komst fan de opfanglokaasje. Mar nei't mear dúdlik waard oer de ynfolling fan de plannen dêr, kamen se mei in oare sjochwize.
De fleanbasis fan Ljouwert
© Lennard Jan Geerts
In útwei is neffens wurdfierder Martijn van der Wind fan definsje dat sy it terrein keapje en dan sels de opfang regelje. "Wij werken al samen met het COA, we hebben een langdurige geschiedenis", sa seit Van der Wind. "Bij de kazerne in Budel."
It probleem sit 'm by de permaninte bewenning. Net by de komst fan de huzen sels. "Gaandeweg werd ons duidelijk dat er sprake is van permanente bewoning", sa seit Van der Wind. "Permanent daar wonen gaat ten koste van de bedrijfsvoering van de vliegbasis. Wij willen daar juist meer doen, niet minder."
Neffens de gemeente hie definsje dat earder al witte kinnen. It hat altyd yn de orizjinele plannen stean.

Utwreiding basis

De wjerstân tsjin de permaninte bebouwing stiet los fan de útwreidingsplannen fan de fleanbasis. Dêr minsken permanint wenje litte soe no ek al in probleem wêze.
Neffens Van der Wind is de needsaak fan opfang dúdlik. "Maar het moet daar wel gaan om tijdelijke opvang."
FNP Ljouwert, VVD, Lijst 058, FVD, en D66 freegje in spoeddebat oan oer de situaasje dy't ûntstien is, meldt de fraksje fan FNP oan Omrop Fryslân.
De gemeente Ljouwert kin noch net reageare. Se wachtsje noch op in reaksje op in brief dy't se stjoert ha oan it Ministearje fan Asyl en Migraasje, wêryn't se om opheldering freegje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.