Ferhege PFAS-wearden yn aaien omjouwing Jelsumer Feart: riedsel wêr't it weikomt
Ut ûndersyk fan de gemeente Ljouwert en GGD Fryslân docht bliken dat aaien fan hobbyhinnen yn de omkriten fan de Jelsumer Feart en Lytse Feart ferhege PFAS-wearden ha.
Dizze wearden lizze heger as gemiddeld yn Nederlân. Benammen hinnen dy't direkt kontakt ha mei de boaiem, produsearje aaien mei hegere konsintraasjes fan dizze skealike stoffen. Mar it bliuwt in riedsel wêr't de PFAS yn de aaien no krekt weikomt.
Gjin dúdlike konneksje mei de fleanbasis
Hoewol't de fleanbasis Ljouwert mei in PFOS-fersmoarging te meitsjen hat, kin der noch gjin direkte konneksje makke wurde tusken beide boarnen fan fersmoarging. De PFAS-gehalten yn aaien blike benammen ferhege te wêzen by hinnen dy't direkt kontakt hawwe mei de boaiem.
Rinnende ûndersiken nei de fersmoarging fan wetterboaiems en oerflaktewetter jouwe noch gjin folslein byld, wêrtroch't de krekte boarne fan fersmoarging yn aaien ûndúdlik bliuwt.
Hinnen dy't yn ôfsletten hokken hâlden wurde, litte ferlykbere PFAS-wearden sjen as hobbyhinnen oeral yn Nederlân. Hobbyhinnehâlders krije dêrom it advys om maatregels te nimmen om kontakt fan harren bisten mei de boaiem en oerflaktewetter foar te kommen.
It bliuwt neffens de gemeente Ljouwert en GGD Fryslân ferstannich om aaien fan hobbyhinnen ôf te wikseljen mei aaien út de supermerk, dy't oer it algemien legere PFAS-wearden ha.
PFOS
PFOS, ek wol perfluoroctaansulfonaten, binne gemyske stoffen dy't ûnder de famylje fan de PFAS (poly- en perfluoralkylstoffen) falle. PFOS stjit wetter, fet en smoargens ôf. Dat is handich foar produkten as skjinmakmiddels, reinjassen of anty-oanbakpannen.
As minsken it te folle binnen krije, kin it op lange termyn kanker feroarsaakje en it ymmúnsysteem oantaaste.
By ien fan dizze hobbyhinnehâlders jout de gemeente it advys om maksimaal 0,18 aai de wike te iten. Dat komt sawat del op it iten fan ien aai de fiif wiken. Mar yn 'e boaiem fan dizze persoan wurdt de risiko-yndeks fan hoefolle PFAS oft je brûke meie net te boppe gien.
De risikogrins fan it oerflaktewetter is wol flink te heech, wylst it hiem fan dizze hobbyhinnehâlders net oan in sleat of iepen wetter leit. De hinnen krije foer út de winkel wei en drinke benammen wetter út de kraan.
Guon hobbyhinnehâlders binne woansdei ynformearre oer de ûndersiken fan de gemeente, oaren krije de útlis tongersdei.
Oan it ûndersyk fan de gemeente Ljouwert diene yn totaal tolve hobbyhinnehâlders mei. It ûndersyk nei wêr't de fersmoarging fan de aaien dan wol weikomt, falt bûten it ûndersyk fan de gemeente en soe mooglik troch it de RIVM dien wurde kinne.