Wetterfersmoarging om Ljouwert hinne slimmer as tocht: mear giftige stoffen en grutter gebiet

In wettermeunster
In wettermeunster © Shutterstock
De fersmoarging fan de Jelsumer Feart is slimmer as earder tocht. Op it plak fan de measte fersmoarging komt dy mear as 900 kear boppe de noarm. Earder waard noch sprutsen oer 600 kear de noarm. Boppedat is de skealike PFOS yn in grutter gebiet fûn.
Undersyk fan Wetterskip Fryslân befêstiget de eardere konklúzje dat it wetter fan de Jelsumer Feart slim fersmoarge is mei PFOS (perfluoroktaansulfonsoer).
Dêrnjonken is de fersmoarging fûn yn de Lytse Feart, tusken de Jelsumer Feart en Jelsum. Dêr leit de wearde 200 kear boppe de PFOS-noarm. It Wetterskip neamt dat foars.
Foar neier ûndersyk waarden mjittingen dien op 19 plakken yn de perioade fan 1 oant en mei 12 maart. Yn in wide omjouwing om de Jelsumer Feart hinne wurdt noch PFOS yn it wetter fûn, lykas de Ljouwerter wyk Bilgaard, de Bonkefeart, Lekkum en yn de rjochting fan Tergrêft.
YB_PFOS konsentraasje yn wetter
Op dizze plakken is PFOS yn it wetter fûn © Omrop Fryslân
It heechst metten gehalte is 590 nanogram de liter. Dat betsjut in oerskrieding fan 908 kear de PFOS-noarm (0,65 nanogram de liter) op it mjitpunt dat direkt eastlik fan de Fleanbasis Ljouwert leit.
It is noch hieltyd net dúdlik wat de oarsaak fan de PFOS-fersmoarging is.
PFOS, ek wol perfluoroctaansulfonaten, binne gemyske stoffen dy't ûnder de famylje fan de PFAS (poly- en perfluoralkylstoffen) falle. PFOS stjitte wetter, fet en smoargens ôf. Dat is handich foar produkten as skjinmakmiddels, reinjassen of anty-oanbakpannen.
As PFOS ien kear ien de boaiem komt, is it der wer dreech út te heljen. As minsken it te folle binnen krije, kin it op lange termyn kanker feroarsaakje en it ymmúnsysteem oantaaste.
It Wetterskip begûn ferline wike mei ekstra ûndersiken nei de wetterkwaliteit yn de Jelsumer Feart, nei't der te hege konsintraasjes PFOS yn de boaiem en yn it wetter fûn waarden.
PFOS
In warskôgingsboerd by de Jelsumer Feart © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Fan GGD Fryslân út jildt dêrom op it stuit in dúdlik advys om it wetter út de feart net te brûken foar de tún of as drink-, swim- of fiskwetter. Dat advys bliuwt foarearst jildich sa seit de sûnenstsjinst yn in reaksje.

Mear ûndersyk nedich

GGD Fryslân jout oan dat se noch hieltyd neat sizze kinne oer de sûnensrisiko's. "Der is noch te min dúdlik, wy binne ôfhinklik fan nije ûndersiken fan de gemeente en it Wetterskip."