Omrop Fryslân

Skoalbern moetsje Fryske paralympiërs: "Het was best spannend"

Liesette Bruinsma (rjochts) en de bern yn Beetstersweach
© Omrop Fryslân
'Kinst mear ast tinkst'. Dat is it boadskip dat tongersdeitemoarn meijûn wurdt oan de skoalbern fan Lyndensteyn yn Beetstersweach. En net troch de juf of master, mar troch acht Fryske paralympiërs en âld-topsporters.
Each ien each stean mei bekende sporters bringt de nedige senuwen mei him mei, sa lizze de bern van de spesjale skoalle út. "Ik vond het best spannend. Je ziet niet elke dag van die bekende sporters, maar het was wel heel leuk", fertelt de 15-jierrige Niel.
"We hadden een persconferentie en we mochten de sporters alle vragen stellen die we wilden."
De sporters binne in foarbyld foar de bern,
Marije van Hattem fan Sport Fryslân
Ien fan de Fryske paralympiërs is Liesette Bruinsma. Ofrûne simmer behelle sy har tredde gouden medalje by de Paralympyske Spelen yn Parys.
Skoalbern krije besite fan paralympiërs
Bruinsma wol de bern graach ynspirearje. "Ik fyn it hiel moai om hjir te wêzen hjoed. Ik tink dat it hiel wichtich is om de bern ynsjen te litten dat se nettsjinsteande harren beheining in soad berikke kinne, salang'tst mar trochsetst."
Liesette Bruinsma by de Spelen fan dizze simmer
© ANP
En dat de bern dat boadskip mei nei hûs nimme, is wol dúdlik. "It klinkt miskien klisjee, mar as sa'n grutte sporter dat seit, dan is dat dochs wol echt oars as wannear't heit en mem it sizze", fertelt Silke. "Ik nim it no serieuzer en ik nim it dêrom ek mei nei hûs."
De kommende jierren binne der mear clinics fan paralympyske sporters by bern op skoalle. Sport Fryslân organisearre de ôfrûne fjouwer jier 80 fan sokke clinics, de kommende fjouwer jier moatte dat der 200 wêze. Yn Beetstersweach wiene 50 bern oanwêzich. Sa grut binne de clinics gewoanwei net.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.