Omrop Fryslân

Liesette Bruinsma sjocht werom op 'supervette' Spelen

Liesette Bruinsma
© ANP
Swimster Liesette Bruinsma út Wommels sjocht mei in gouden en in sulveren medalje yn 'e tas tefreden werom op de Paralympyske Spelen. "Het was supervet!"
Doe't se sneontejûn foar de 100 meter frije slach op it startblok stie, fielde se dat elkenien nei har seach. De 23-jierrige swimster hie moarns yn de searje noch de bêste tiid delsetten (1.05.23), mar úteinlik tikke se yn de finale as twadde oan, mear as in sekonde efter de winner Daria Lukianenko.

Wrâldrekôr

De Russyske swom in nij wrâldrekôr: 1.04.88. "Ik baal der wol fan dat ik myn wrâldrekôr no kwyt bin, mar oan 'e oare kant: ik wie acht jier lang de aldersrapste, das dochs ek moai?"
Dizze medalje stiet symboal foar de drege jierren dy't ik efter de rêch ha.
Liesette Bruinsma
Op de 400 meter frije slach helle Bruinsma in gouden medalje yn in nij persoanlik rekôr. Der wie sulver op de 100 frije slach, in pr op de 200 meter wikselslach (4e plak) en in sechsde plak op de 50 meter frije slach.
"Ik ha genoaten fan it toernoai, ik fûn it ek super dat myn famylje der no by wêze koe. It hichtepunt is foar my fansels de gouden medalje op de 400 meter. Dy stiet symbool foar de drege jierren dy't ik efter de rêch ha."

Ekstra druk

Yn 2016 wie Bruinsma mei fiif medaljes de meast súksesfolle sporter op de Paralympics fan Rio. Se wie doe noch mar 15 en waard útroppen ta paralympiër fan it jier. Dy status joech in bepaalde druk, dêrt se mar lestich mei omgean koe.
Fjouwer jier nei de suksessen yn Rio helle se yn Tokio helle twa kear sulver, dat fielde as in teloarstelling.
"De sitewaasje wie no oars, ik wie relaxter. Yn Tokio moast ik myn titels ferdedigje, dat hie ik no net. Al fernimme je wol dat der mear konkurrinsje is."

Takomst

Oer fjouwer jier binne de Spelen yn Los Angeles, mar Bruinsma kin en wol no noch net sizze oft se der dan wer by is.
"Ik wit net hoe at de takomst derút komt te sjen. Wat ik wol? Ik wol gelokkich wêze en dingen dwaan dy't ik leuk fyn. Dat is it belangrykste."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.