Omrop Fryslân

Ljouwert wol troch mei ûntwikkeling flechtlinge-opfang neist de fleanbasis

It eardere Tuin! oan de Kamperwei-Troelstrawei yn Ljouwert
© Omrop Fryslân
De kâns dat it terrein fan it eardere túnsintrum neist de fleanbasis Ljouwert in opfanglokaasje wurdt, is wer in stap tichterby. It COA wol 45 wenningen foar opfang oan de Troelstrawei.
Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert wolle dat de ried romte jout om fierder te wurkjen oan de plannen fan it COA.
De ried frege earder om in spoeddebat oer de ûntwikkelingen, no wurdt útsocht wannear't der oer praat wurde kin.
De opfangorganisaasje wol by de Troelstrawei in saneamde ROL opsette, in 'Regionale Opvang Locatie'. It COA jout oan dat se dat yn alle gefallen 15 jier dwaan wolle, yn stee fan de eardere 10 jier.
It COA komt hjirmei yn 'e mjitte oan de winsk fan de loftmacht om der gjin minsken permanint wenje te litten. Dat is foar definsje in eask.
As der al minsken permanint wenje, kin definsje net mear fleane sa't it nei de takomst ta dwaan wol.

Gemeente wol dúdlikens

Ljouwert hat earder by it ministearje fan Asyl en Migraasje en de steatssekretaris fan Definsje oantrune op dúdlikens.
De gemeente wol in helder en ienriedich stânpunt oer hoe't it Ryk oansjocht tsjin de opfanglokaasje yn Ljouwert.
De gemeenteried fan Ljouwert
© Omrop Fryslân
Dat ûntbrekt oant no ta, wylst it fan grut belang is foar de beslútfoarming yn de gemeenteried. Benammen om'tt der jurydyske konsekwinsjes driigje lykas twangsommen en fertraging.

Ofspraken oer it terrein

Definsje liet earder witte dat der in mooglikheid is dat se it terrein sels keapje, sa't it COA dêr in opfang realisearje kin.
De gemeente en de eigener fan de grûn, projektûntwikkeler Zwanenburg, hawwe dêr oant no ta noch gjin kontakt oer hân mei definsje.
Zwanenburg is der mei it COA yntusken al wol út. Sy hawwe ôfspraken makke oer in hieroerienkomst fan 15 jier.
De projektûntwikkelder wol neist de takomstige ROL noch mear huzen bouwe. Dat giet om 25 wenningen. Dat stiet wol los fan de helberens fan de ROL.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.